Jacobus Q. Smink

myn moasslimme rûpke

logo.ensafh

 

hjoed bewûndere se myn
moaie moasslimme kul, like wol
besnijd, ien rukje der oan
it foarfel sa sitten bleau, sear

hie ‘t net dien, yn ien kear
foar altyd besnien, it skeamel
rûpke bleau bleat, as in ikel
dy’t glom, wie er grut

‘t soe my in pûnter wurde,
pontifikaal, koartsich glânzich.
is er yn ‘t echt as er hurd
is ek sa moai, frege se

noch moaier, joech ik ta
as in spiker mei in kop, mar
pine die er dy net kaam er
yn dyn spleetsje, wier net

it soe fiele as wie ‘t syn
natuerlike stee dat dy
dêr stuts, sei ik, do kinst
der fan op oan, it is sa,

sûnder erch wie er grut
en hurd. wat in pracht,
rôp se, seach nea net sa’n
te gekke pik, hoe krijst

him sa. dat komt troch
dy, sûnder dy ferrekt er
it, hoe faak ik syn feltsje
ek achteroer slaan soe

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op