Aginda 26-08-19: Presintaasje 45e Fryske Bûsboekje by klokkemakker Tjitte Talsma

logo.ensafh

Utnûging presintaasje 45e Fryske Bûsboekje by klokkemakker Tjitte Talsma.

“Ik libje wol twa libbens, en kom dus tiid tekoart” (J.D. de Jong, 1977)

Utnûging presintaasje 45e Fryske Bûsboekje, tema: TIID

Plak: klokkemakker Tjitte Talsma, Rhaladyk 17, Aldtsjerk
Moandei 26 Augustus 2019, fan 17-19 oere

It nije Fryske Bûsboekje (edysje 2020) is klear! Dit jier is it tema: “tiid”. In moai tema foar in boekje dat jo it hiele jier troch yn de bûse hawwe. In feilich plak yn dizze digitale tiden en mei ynternet dat net mear sa feilich is.
Direkte oanlieding foar it tema is de aktuele diskusje oer simmer- en wintertiid dy’t it kommende jier grif trochgiet. Wêr kieze wy foar: simmertiid of wintertiid? Wurdt 2020 it lêste jier dat wy twaris de klok fersette?

Omdat dit in lustrumedysje is, organisearret de Bûsboekjeredaksje in presintaasje op moandei 26 augustus fan 17-19 oere by klokkemakker Tjitte Talsma yn Aldtsjerk https://www.tjittetalsma.nl.
Talsma sit yn 2020 35 jier yn it fak. Sadwaanda fiere wy noch in lustrum!

Jo/jimme wurde fan herte útnûge!

It program sjocht der sa út:

– Ûntfangst mei kofje/tee/gebak en mei muzyk fan it duo Paul & Gjalt

– Wolkom!

– Útrikking earste Bûsboekje 2020

– Presintaasje troch Tjitte Talsma oer syn bysûndere wurk as klokkemakker

– Foardracht troch Janneke Spoelstra

– Paul & Gjalt spylje ûnder oaren it liet ‘Pak syn klok’ (tekst stiet yn it Bûsboekje 2020)

– Presintaasje poezykriich. De Bûsboekjeredaksje nûget yn it bysûnder jonge/begjinnende dichters út om mei te dwaan! Yn it Frysk of in streektaal yn Fryslân.

– Mooglikheden foar fragen

– Noflik neipetear mei in drankje en hapke

Yn ferbân mei de tariedingen hearre wy graach oft jim komme en mei hoefolle minsken. Mail nei klaasjohan@yahoo.com

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op