Teleks: Utstalling en lêzing oer it byldzjend wurk fan Reinder R. van der Leest

logo.ensafh

Utstalling en lêzing oer it byldzjend wurk fan Reinder R. van der Leest
​Reinder R. van der Leest is benammen bekend as skriuwer en dichter, mar hy hat ek syn libben lang tekene en skildere. Yn de útstalling ‘Reizen om utens’ wurdt benammen syn byldzjend wurk beljochte. De eksposysje is fan 30 augustus oant en mei 27 oktober 2019 by Tresoar te sjen.

Reinder Rienk van der Leest (Drachten, 1933) folge de kweekskoalle, mar wie it leafst nei de keunstakademy gien. Oant syn pensjoen ta wie er skoalmaster en dêrneist wie er freelance grafysk ûntwerper. Yn syn wurk eksperimintearret er mei foarm en sljochtet er grinzen tusken literatuer, keunst en muzyk. Hy hat ferskate prizen krigen, wêrûnder yn 1981 de Gysbert Japicxpriis.

Van der Leest oer syn wurk
“Ik bin gjin skilder dy’t earne yn it fjild sitten giet om in lânskip op it doek te setten. En likemin om yn in stêd fan in markant gebou of brechje in foto te meitsjen. Ik skilderje út ’e holle wat ik my noch te binnen bringe kin of wat ik derby fantasearje. Ik skilderje in dekôr foar de minsken dy’t ik útbyldzje. En dy minsken skilderje ik net realistysk, net krekt echt. Ik ferfoarmje se, mar meitsje der ek gjin popkes of karikatueren fan. Ik skilderje se sa’t it my it bêste útkomt. Sa ek mei de kleur dy’t ik brûk. Ik skilderje wol it kontrast, mar net it konflikt. De kleuren flokke net mei-inoar. Ik bin gjin man fan ekstremen, yn myn Fryske gedichten ek net. Ik brûk al of net haadletters, al of net metrum, al of net rym, en sawol nuvere as gewoane wurden. De gedichten binne meastal fertellend, lykas myn skilderijen. Allinnich, dêrby moat de taskôger sels it ferhaal optinke. Ik bin net hiel âlderwetsk en likemin hiel modern.”

Yn it ramt fan de útstalling is der op 6 septimber (ynrin 15.30, start 16.00 oere) in lêzing oer Van der Leest; de sprekker is Doeke Sijens, skriuwer, keunstkenner en bibliotekaris. De titel fan de lêzing is In hite simmerdei: It byldzjend wurk fan Reinder R. van der Leest.

De tagong is sawol foar de tentoanstelling as foar de lêzing fergees.

Tekst: Tresoar

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op