Lomme Schokker

Moaie Sibbel en har Domela

logo.ensafh

Sibbel, fertelde beppe, wie sa fûl as in skjirre en koe merakels goed sjonge. Earst siet se noch op de sjongferiening fan it doarp, letter bedarre se by it koar fan de frije sosjalisten yn Snits. Dy frije sosjalisten wiene fanatike folgers fan Ferdinand Domela Nieuwenhuis, de grutte anargist. Fan him moast beppe Trientsje oars ek net folle ha. De antykrist, sei se, mei syn trochdraaide harsens en de kop yn de wolken. Beppe stie folle mear oan de kant fan mannen as de Gordykster foarman Geart van der Zwaag en Piter Jelles. Stride, ja, mar doch mar gewoan. Sa net moaie Sibbel, sei beppe, dy hie al wakker mei har Snitser weakskiter fan de frijheid preaun en wie dêrnjonken neffens har syklik fiksearre op de beburde Kristuskop fan dy Domela.

Fyftich jier lyn ha ik foar skiednis ris in wurkstik makke oer it Frysk sosjalisme. Ien fan myn wichtichste ynformaasjeboarnen wie ús beppe, dy’t mar wat graach prate woe oer it Bûn fan Sosjalisten en sokke aktivisten as Imke Klaver en Gerrit Roorda fan de Tynje. Har ferhaal moast ik gewoan op papier hawwe want myn learaar skiednis hie in fassinaasje foar oral history. ‘Jim skiednis leit op ’e dyk’ hie er ús ferteld, ‘it is oan dy om it op te pakken.’ Opheine en trochjaan: ik die fan alles yn de fiifde fan de Havo om sa maklik mooglik in kreas sifer te heljen.

Trientsje fan Cornelis Post en Klaske Sloothaak, berne yn de stjerrende kâlde winter fan 1891, dochter út in geslacht fan turfskippers en efterútbuorkers, wie in sêfte, freonlike frou en in oertsjûge sosjalist. Se hie der sels net by west, fansels, doe yn 1904 dêr yn Snits. Har nicht Sibbeltsje fan achttjin út Ysbrechtum wol. En hoe! Moaie Sibbel waard se neamd, mar beppe sei dat it net wier wie. Sibbeltsje wie yn har eagen te lang en hie te min om de latten, mei it tinne hier yn in ivich troedeltsje.

Beppe har ferhaal oer moaie Sibbel en har Domela krige ik sa te hearren (ik leau dat beppe dit ferhaal fan Imke Klaver hie): op in sneontemiddei binne Domela Nieuwenhuis en Piter Jelles mei-inoar yn debat. Yn Snits dus. De seal sit grôtfol mei Domela-oanhingers, Sibbel har koar sil foar en nei en tuskentroch striidlieten sjonge, dat heart der sa by. Beide mannen binne bepaald gjin freonen fan elkoar, mei itselde doel steane se hiel ferskillend yn it libben. Domela hâldt syn ferhaal oer de gloarje fan it revolúsjonêr sosjalisme en de heechste foarm fan frijheid foar de massa, dy fan de totale anargy. Dêrnei is Piter Jelles oan bar. Jimme anargisten skuorre in grutte mûle op mar dogge neat. Wy moatte it mienskiplik dwaan yn dizze maatskippij, ek al is dy sa rottich as in mispel. Dizze wrâld moatte wy mei-inoar mei ferdrach ferbetterje, stap foar stap. ‘Ien haw-ik is better as tsien hie-ik’. Och heden, dat wie alhiel net nei it sin fan dy frije tinkers en drûge dreamers. Piter Jelles wurdt hoe langer hoe mear yn de rede fallen troch Domela syn folgers, op it lêst roppe en raze se as gekken en as Piter Jelles dêr wat fan seit rint moaie Sibbel samar op Piter Jelles ta, giet mei al har froulik flamjen lyk foar him oer stean, sjocht him in pear tellen rjocht yn de eagen en rint dan selsfoldien mei har kammeraatskes de seal út. Soene je har net? Dat wie dan famylje fan my, dy Sibbel. Se hie it heech yn de holle. No ja, sy is al lang dea en ik noch net.

Wat is der sûnt dy tiid feroare? Net de macht en ûnmacht yn de wrâld. By de bylden dizze dagen fan de protestearjende ynwenners fan Hongkong en Moskou moat ik tinke oan ‘ús ferlosser’ en wat er te sizzen hie oer de heechste foarm fan frijheid foar de massa. As wetten sa dúdlik as wat inkeld bedoeld binne om de gesachhawwers steviger yn it seal te setten en it folk fêster oan de leie, dan komme je der net mei wat neatige tasizzings of lytse stapkes. “The pursuit of democracy is the inalienable right of the people” sizze se dizze dagen dêr yn Hongkong. Krekt, sa is it. Dat dit hûndert jier nei Domela syn tiden noch op in soad plakken op de wrâld befjochte wurde moat. Net inkeld ús skiednis mar ek de wierheid leit op ’e dyk.

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op