Aginda fan 21-09-19 ôf: Tentoanstelling ‘Waling Dykstra – Foarútgong’ en ferskate aktiviteiten yn Obe

logo.ensafh

Tentoanstelling ‘Waling Dykstra – Foarútgong’ yn Obe
Fan 21 septimber ôf is der in tentoanstelling oer Waling Dykstra te sjen yn Obe. Waling Dykstra (1821-1914), bakker, boekbiner en -ferkeaper, is ien fan de belangrykste grûnlizzers fan de Fryske literatuer. Likernôch 75 jier lang hat dizze autodidakt de Friezen leard om har eigen taal te lêzen, te skriuwen en om der yn te sjongen en toaniel yn te spyljen. Syn ynfloed as skriuwer, dichter, sjoernalist en folkskundige op de Fryske taal en kultuer is grutter as dy fan hokker oare skriuwer ek. Syn maatskippij-krityske toan, striid foar it Frysk en ynset foar sosjale rjochtfeardigens en emansipaasje fertsjinje mear as hûndert jier nei syn dea ús folle omtinken. Mei de tentoanstelling ‘Waling Dykstra – Foarútgong’ bringt Tresoar de skriuwer wer yn it Fryslân fan hjoeddedei.

De tentoanstelling is fan 21 septimber ôf te sjen yn Obe, poadium foar literatuer, keunst en taal. Om de tentoanstelling hinne wurde ferskate aktiviteiten organisearre, dy’t de ferbining lizze tusken it tema fan de tentoanstelling en aktuele, relevante ûnderwerpen. Dichters, muzikanten en keunstners bringe de dialooch op gong. Hoe brûksto Spoken Word om dy út te sprekken yn de taal dy’t it meast tichtby leit?
Aktiviteiteprogramma
(sjoch foar de meast aktuele ynformaasje op de webaginda fan Tresoar)

Tongersdei 26 septimber, 20.00: Yetris mei trûbadoer Roel Slofstra (yn Tresoar)
Tongersdei 3 oktober, 19.30: Boekoanbieding karlêzing Waling Dykstra mei ynliedingen fan Abe de Vries en Goffe Jensma
Tongersdei 17 oktober, 19.30: Spoken Word-festival mei Nynke Laverman, Arjan Hut, Elske Kampen, Wiebe Kaspers, Annemarie Lindeboom en Poetry Slam. Ynlieding troch Yvonne Willems​
Snein 27 oktober, 14.00 – 16.00​: Sjong-yn mei Wiebe Kaspers​
Freed 15 novimber, 19.30: Ferhalejûn ‘As stiennen prate koene’​
​To-fr 21-22 novimber, hiele dei: Unknown Grounds, sympoasium over minske, lân en lânskip​
Fr-snein 22-24 novimber, hiele dei: Festival Explore the North yn en om Obe​
Tongersdei 12 desimber, 19.30: Lêzing oer froulju yn de Fryske literatuer troch Babs Gezelle Meerburg en Lida Dijkstra, mei in muzikaal yntermezzo fan Tet Rozendal en Tseard Nauta​

Alle aktiviteiten binne yn it Obe-gebou, útsein 26 septimber.

Obe is iepen op tiisdei o/m snein fan 11.00 oant 17.00 oere. De tagong is fergees.

De tentoanstelling wurdt mooglik makke troch Tresoar yn gearwurking mei in team fan gastkuratoaren:
Abe de Vries: gearstalling tekst
Lokaalwerk, Ernst Bernson & Yvonne Willems:
gearstalling en ûntwerp © 2D, 3D, Film & Audio

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op