Aginda 27 / 28-09-19: Presintaasje ‘Sanfirdo’ fan Bennie Huisman

logo.ensafh

In nij boek en in nije foarstelling fan Bennie Huisman

Earne yn Fryslân, midden yn it wetterlân súdwestlik fan Snits, leit Sânfurd. In moaie tsjerke, in pear pleatsen, in hânfol huzen. Sânfurd hat Benny Huisman tweintich jier lyn ynspirearre ta in lietsje en in novelle.
Dy novelle is no útgroeid ta de roman ‘Sanfirdo’.

De novelle spile him ôf yn in wike tiids. De roman lykwols folget deselde haadpersoanen oer in tiidrek fan 25 jier yn it belibjen fan leafdes, yn it sykjen nei in plak op de wrâld, yn it sykjen nei in ‘thús’. Tema’s dy’t in soad minsken dwaande hâlde en dy’t altyd wer fragen oproppe, dêr’t wy antwurden foar sykje.
Oer dy tema’s, oer de roman en oer de fragen en de mooglike antwurden dêrop, mar benammen oer it sykjen giet de ‘keamerfoarstelling: Boek én foarstelling komme tagelyk ‘ûnder de minsken’:

freed 27 & sneon 28 septimber o.s.,
20.00 oere, yn de tsjerke fan Sânfurd.
Elk is hertlik wolkom. Wol even opjaan by Bennie Huisman
06-29155260 / info@benniehuisman.nl

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op