Aginda 26-09-19: Presintaasje ‘Nachtspraak’fan Eeltsje Hettinga

logo.ensafh

Utjouwerij Perio presintearret de twatalige útjefte fan it gedicht Nachtspraak
fan Eeltsje Hettinga.

Skriuwer-dichter Eeltsje Hettinga reflektearret yn syn poëzy gauris op aktueel maatskiplike ûnderwerpen. Ek út syn wurk as Dichter fan Fryslân (2018-2019) sprekt dat engaazjemint. Yn Nachtspraak, in lang gedicht oer de fûnling Kaspar Hauser, leit Hettinga ûnder mear in ferbân mei de hjoeddeiske flechtling.
Op 26 septimber om 11.30 oere wurdt op it plein foar de Blokhúspoarte de poëzystien mei syn gedicht ‘Net te beteljen’ oer frijwilligers ûntbleate: dat is in inisjatyf fan it Prins Bernhard Fûns.
Dêrnei om 12.15 oere sil útjouwerij Perio de troch Richard Bos typografysk bysûnder fersoarge útjefte fan it gedicht Nachtspraak presintearje. It byldwurk is fan Anne
Feddema. Skriuwer-ûndersiker Pieter Breuker jout in taljochting op it gedicht.

De presintaasje fynt plak yn De Schepperij, Oude Oosterstraat 14 yn Ljouwert.

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op