Cornelis van der Wal

Nij op ‘e planke Septimber 2019

logo.ensafh

Poëzij

Gerrit de Vries
Unlân
Hispel, Loenen aan de Vecht 2019
Ferkeappriis: € 12,00
ISBN 9789074516310

Unlân is de debútbondel fan Gerrit de Vries. De bondel fangt it libben yn meast hurde, wrange en wanhopige bylden. Wat dêryn trochbrekt is de langst nei tagedienens.

 

Syds Wiersma
Lân sûnder ljurk
Hispel Loenen aan de Vecht 2019
Ferkeappriis: € 15,00
ISBN 9789074516334

Lân sûnder ljurk is de fjirde dichtbondel fan Syds Wiersma (Grou, 1963).

De gedichten yn dizze bondel binne fan de lêste trije jier. Folle mear as yn syn eardere dichtwurk jout Wiersma syn fyzje en poëtyske reaksje op de aktualiteit. De bondel set útein mei in ‘ierdsk’ petear mei de dichter Obe Postma; oer syn dichterskip en de alarmearjende situaasje fan it Fryske lân. Yn de skiften dy’t folgje, komt de aktualiteit wiidweidich oan bod: yn maatskiplike en persoanlike ûnderwerpen, fan polityk oant sport, oer leafde en ferlies. Tuskentroch is de dichter op ‘e strún yn Fryslân en dêrbûten.

 

Pier Boorsma
Vita Brevis
Hispel, Loenen aan de Vecht 2019

Vita Brevis

dreamers wiene wy
gearhokjend
yn it hûs fan de nacht
liezen wy de manifesten
eangst beklaaide de muorren
nestele him flústerjend
yn gebearten en efter wurden

De bondel Vita Brevis is útjûn ta gelegenheid fan de fiifensantichste jierdei fan de auteur Pier Boorsma. De tsien gedichten binne keazen troch de dichter sels.

 

Waling Dykstra, besoarge en ynlaat troch Abe de Vries
Waling Dykstra Duvelskeunstner
Utjouwerij De Ryp (wurdt net byhâlden) Blauhûs 2019
Ferkeappriis € 19,95
ISBN 9789082946826

De ûnbekendste bekende poëzij yn de Fryske literatuer is tsjintwurdich wierskynlik dy fan Waling Dykstra (1821-1914). Populêrder as Dykstra yn syn gloarjetiid wie, hat gjin Fryske skriuwer wer west, mar syn gedichten komme net foar yn de meast resinte algemiene poëzijblomlêzingen, of it moat in inkelde leittekst wêze. It foardiel is dat syn grut poëtysk oeuvre – it earste fers hjir datearret fan 1838, doe’t er 17 wie, it lêste fan 1912, doe’t er 90 wie – noch op ûntdekking wachtet. Dizze blomlêzing is de earste út inkeld syn gedichten.

 

Folkje Koster
BistAardich
Eigen behear (?) 2019
Ferkeappriis € 8,95
ISBN: 9789463895620

BistAardich is in nij bondeltsje fan Folkje Koster mei gedichtsjes oer bisten.
Ferskes foar 8 oant 80.

 

Meindert Bylsma
In balpinne tsjin ’e râne fan it trottwaar
Elikser, Ljouwert 2019
Ferkeappriis € 12,50
ISBN 9789463651424

Koartswyl, satire, grutte gedachten, lytse gedachten, de balpinne set Meindert Bylsma oan ta skriuwen. En dan kinne jo alles ferwachtsje. Fan mearkes oant gedichten fan neat. In bysûndere samling fan in orizjinele geast, dy’t al ferskate opfallende spoaren neilitten hat yn de Fryske literatuer.

 

Janneke Spoelstra
Wij yn ‘e draaimûne
Afûk, Ljouwert, 2019
Ferkeappriis € 12,50
ISBN 9789493159013

Wij yn ‘e draaimûne is de tredde dichtbondel fan Janneke Spoelstra. Yn dizze bondel wurdt it ûndersykjen fan it eigen plak op ‘e wrâld trochset en wurdt wjerstân bean oan net allinne it ferlies fan neisten, mar ek fan soks saakliks as in gemeente.

 

Abe de Vries
Mienskar (sonnetten)
Eigen behear, eboek,(pdf).  Aldsyl 2019
Ferkeappriis: €0,00
ISBN ?

‘Dit e-boek kaam subsydzjefrij ta stân en wurdt as frij del te laden publikaasje oanbean.
Mienskar is de njoggende dichtbondel fan de auteur.
Copyright 2018 Abe de Vries, Aldsyl’

 

Proaza
Durk van der Ploeg
Wek yn ’e rivier
Het nieuwe Kanaal, Ljouwert 2019
Ferkeappriis € 19,50
ISBN 9789492457288

In oangripende roman oer it libben fan Ake Dongera. Hy kin tige leare en studearret op oanstean fan syn heit teology. Yn ’e oarloch wurdt de húshâlding yn it fersetswurk behelle. As troch ferrie de pleats oerfallen wurdt en de manlju foar ferhoar meinommen wurde, feroaret wrâld en wrâldbyld fan Ake.
Nei de oarloch giet er fierder mei in stúdzje klassike talen en ferdjippet er him yn ’e Grykske oarloggen. As er him taleit op it skriuwen fan in proefskrift ferfrjemdet er hieltyd mear fan de werklikheid.
It ferhaal fan in húshâlding dy’t troch de oarloch útinoar skuord wurdt. Ferteld troch de broer dy’t in libben lang yn it skaad fan Ake libbe,mar de kop derfoar hâldt.

 

Rommert Tjeerdsma
Doutzen yn swier waar
 Ljussens KFFB, 2019
Ferkeappriis € 16,00
ISBN 9789491971181

Yn ¹e maitiid fan 1945 wurdt Sibe, omdat er NSB¹er is, fan hûs helle en yn in kamp opsletten. Yn it kamp komt er syn âlde fijân Boate Bolsjewyk tsjin, dy¹t dêr as bewekker oansteld is. Boate lit gjin gelegenheid foarby gean om Sibe te tramtearjen en te mishanneljen. Letter komt Sibe yn kamp Westerbork telâne. Dêr binne de omstannichheden sa¹t it liket nóch swierder. Doutzen bliuwt mei de beide famkes efter en besiket te oerlibjen yn in mienskip dy¹t foar in part fijannich foar har oerstiet. Dat ek har bern dêryn behelle wurde, giet har noch it measte oan ¹t hert. Sille Sibe en Doutzen ea wer byelkoar komme, de swierrichheden oerwinne en oan in nij libben begjinne? Dizze roman is in ferfolch op ŒOM DOUTZEN¹ ( 2013) en DOUTZEN UNDER FJOER ( 2015) mar kin ek apart lêzen wurde.

 

Willem Schoorstra
Rosmos
Het Nieuwe Kanaal, Ljouwert 2019
Ferkeappriis € 10,00
ISBN 9789492457264

Rosmos is in spannende en humoristyske roman dy’t him ôfspilet yn de ‘ûnderklasse’ fan de maatskippij. Fol faasje nimt Willem Schoorstra de lêzer mei yn in ferhaal dat giet oer frouljushannel, moard, loyalens en komôf. Oer it opwaarmjen fan djipfries saté yn in wettersieder. Oer seks as jierdeikado yn it ramt fan in famyljetradysje.

 

Bennie Huisman
Sanfirdo
Afûk, Ljouwert 2019
Ferkeappriis € 19,50
ISBN 9789493159082

Liuwe is in gewoane jonge, dy’t it dreech fynt om te kiezen. Tusken muzyk en technyk. Tusken leafdes dêr’t er tsjinoan rint. Hy wit net altyd hoe’t er reagearje moat as it libben en de maatskippij sûnder oerlis foarôf yngripe yn syn libben. As syn mem ynienen stjert. As syn earste leafde stikken rint. As syn bern opgroeie en eigen paden gean. As sels net kieze betsjutte kin dat oaren dat foar jo dogge. Sa stroffelt Liuwe troch it libben. Mar dogge we dat net allegear?

 

Janneke Spoelstra
De paralaks
Afûk, Ljouwert 2019
Ferkeappriis 16,50
ISBN 9789493159020

Yn De parallaks, dy’t in simmerhealjier tusken Ljouwert en It Amelân beslacht, komme trije froulike haadpersoanen oan it wurd: Famk dy’t tritich wurdt, Lokke dy’t fyftich en Wyb dy’t santich wurdt.
Alle trije identifisearje se harsels as lesbysk, mar troch it ferskil yn leeftiid is it perspektyf hiel oars. De libbens fan ‘e froulju rinne soms mei-inoar op, mar úteinlik folgje se alle trije har eigen wei.

 

Hilda Talsma
De Onnies en it hynstebal
Elikser, Ljouwer 2019
Ferkeappriis € 19,50
ISBN 9789463651585

It libben fan Connie en Bonnie Kamstra stiet op ’e kop troch in ûnferwacht foarfal, wêrtroch de ferhâldings feroarje en op skerp komme te stean. Dat Roos en Hindrik op de pleats passe moatte en de camping Roos oer de hege skuon rint, komt dan ek krekt op it goede momint. De Kamstra’s geane derhinne om te helpen en dat bringt de Onnie’s yn kontakt mei in hiele oare wrâld, dy fan de hynders. Se ha de smaak al gau te pakken en Connie set Wildrik, in eigenwize Fryske hynst dêr’t sels Hindrik net mei omgean kin, op har eigen wize teplak. De relaasje tusken Roos en Hindrik hat bot te lijen ûnder de frustraasjes fan Hindrik en sadwaande giet Wildrik nei de maneezje fan Richard en Sinne. Wildrik fielt him al gau thús by Sinne en Roos by Richard. Mei-inoar dogge se de tarieding fan Wildrik foar de hynstekeuring yn it WTC Expo en de oanrin dêrhinne én de útkomsten dêrfan binne mear as ferrassend!

 

Rink van der Velde
Beafeart nei Saint-Martin
Bornmeer,De Gerdyk 2019
Ferkeappriis € 16,90
ISBN 9789056154646

In Fryske sjoernalist ûndernimt in beafeart nei Saint-Martin. Yn de oarlochsjierren hat er, as finzene fan de Dútsers, yn it konsintraasjekamp fan Troyes sitten.
Mei help fan de Maquis, de Frânske ûndergrûnske, koe er flechtsje. Heal as ûnderdûker, heal as partisaan hat er de lêste moannen foar de befrijing tahâlden op it lytse boerespultsje Ferme la Vacherie op it Frânske plattelân.

Beafeart nei Saint-Martin is in werútjefte fan de tredde Fryske roman fan Rink van der Velde (1932-2001).

 

Anders Rozendal
Dwaaltún
KFFB, Ljussens 2019
Ferkeappriis: € 16,00
ISBN 9789491971518

Oardel jier reizge Rachel mei Jezus en syn folgelingen troch it Joadske lân. Nei Jezus syn dea giet se nei de bern en bernsbern yn Antipatris.

Dan heart se ferhalen fan in lyk dat ferdwûn is en fan in opstanning. In folsleine tizeboel. Want wat is wier? Rachel har skoansoan giet nei Jeruzalem, mar dy reis kostet him hast it libben.

Letter emigrearje Rachel har bern nei Itaalje. Rachel en de âldste beppesizzer bliuwe efter en belânje yn it Samaritaanske Sichar, har eardere wenplak.

Mear lju geane op reis. Lânfâd Pontius Pilatus hat syn nocht fan de Joadske elite yn Jeruzalem en giet nei syn paleis yn Cesaréa. As der opskuor yn it Samaritaanske lân is, mient de lânfâd dat er yngripe moat. Dan treft Rachel Pontius Pilatus foar de tredde kear.

Dit boek is in ferfolch op Rachel, de dochter fan Timna, mar kin los dêrfan lêzen wurde.

 

Oersettingen

Alexandra Gugenheim, oersetting Corry Boelens
De Skilderslearling
KFFB, Ljussens 2019
Ferkeappriis € 16,00
ISBN 9789491971501

Hollân, 1668.
De santjinjierrige Samuel Bol sjocht syn allerleafste winsk yn ferfolling gean: syn grutte foarbyld Rembrandt van Rijn hat him as learling oannommen.

Mar de skilder hat finansjele problemen, de namme dy՚t er as keunstner opboud hat, taant wei. Boppedat giet syn sûnens efterút. Samuel ferearet syn learaar en
wurdt fereale op dy syn kreaze dochter Cornelia.

Dan kriget Rembrandt op in dei in bysûnder oantreklike opdracht.
Hy mei de achtenearre professor Adriaen van Campen fanwegen syn oansteande
amtsjubileum by in anatomyske les skilderje.
Mar der is in grut probleem: in lyk is net samar te besetten…

De roman jout in moai tiidsbyld fan it deistige libben yn Amsterdam yn ‘e 17e iuw.

 

Robert Frost, oersetting Abe de Vries
In rigel wyt
Eigen behear, E-boek (pdf) Aldsyl 2019
Ferkeappriis € 0,00
ISBN ?

‘Frij del te laden: de blomlêzing In rûgel wyt. Gedichten fan Robert Frost, seleksje en oersetting troch Abe de Vries.’

 

John Steinbeck, oersetting Jan Pieter Dykstra Hzn
Blikbuert
Utjouwerij DeRyp (wurdt net byhâlden), Blauhûs
Ferkeappriis € 17,50
ISBN 9789082946819

Yn de rook en it rûzige libben fan Monterey, Kalifornië, is Blikbuert in kleurrike mjuks fan gokkers, wielderige froulju, sûplappen, skarlunen, omstippers en keunstners dy’t mei elkoar besykje te oerlibjen en troch de tiid skarrelje. Lee Chong is de tûke eigner fan de goed ynrjochte en beklante winkel en boppedat eigner fan it pakhûs, it Skobberdebonkhonk, dat Mack en syn maten – in ploechje ûngeregelde hampelmannen – har hûs neame. Dora, in lôge fan in frommes, dirigearret mei de nedige wyn yn ‘e swipe har etablissemint ‘De Beareflagge’ en Doc is in hast net-te-bedjipjen boarne fan wiisheid. Yn ‘Blikbuert’ tekenet Steinbeck mei in skerp each, mar in koartswillige pinne, in prachtich en poëtysk byld fan it libben yn it gea -de krite- op syn bertegrûn yn Kalifornië.

 

Joseph Conrad (oersetting Geart fan der Mear)
Sulver en minsken
Elikser, Ljouwert 2019
Ferkeappriis € 29,50
ISBN 9789463651448

It is likernôch 1885. Yn it fiktive Súd-Amerikaanse lân Costaguana erft Charles Gould fan syn heit, ryk keapman dêre, foar ivich in rike mar fertutearzge en net mear aktive sulvermyn, syn heit optwongen troch in korrupt bestjoer dat him lykwols wol twingt om in deel fan de ‘winst’ ôf te dragen. De idealistise Charles hopet mei in goed wurkjende myn de korrupsje en wetteloasheid, sa typearend foar al dy Súd-Amerikaanse lannen, bestride te kinnen: ‘ik festigje myn hoop op saaklike belangen. Lit de saaklike belangen earst mar ris de fuotten stevich ûnder it gat krije, dan kin it net oars of se lizze de omstandichheden op wêrûnder dy allinnich mar bestean bliuwe kinne. Op dy manier wurdt jo jildfertsjinjen hjir rjuchtfeardige tsjinoer wetteloasheid en gaos. (…) Dat is dyn strieltsje hoop.’ Hij kriget jildlike stipe út Amearika en tagelyk wurde mei Ingels kapitaal spoarwegen oanlein.

 

 

 

Ferskaat

Skelte Siwerus Braaksma
Fete (strip)
AFUK, Ljouwert 2019
Ferkeappriis € 19,50
ISBN 9789492176998

It nea earder fertelde ferhaal

It is it jier 1400 en it Fryske lân is fertize rekke yn in unike en hast anargistyske situaasje, wêryn’t elk foar syn rjochten opkomme moat. De feodale struktuer dy’t oeral yn Europa yn de midsiuwen oantroffen wurdt, ûntbrekt yn Fryslân folslein.It lân bestiet út in protte lytse gebieten, mei haadlingen oan it roer. Konflikten wurde faak útfochten troch in fete te fieren.

Hein Faber / Frâns Faber
Doarp oan see (strip)
Bornmeer, De Gerdyk 2019
Ferkeappriis € 24,90
ISBN 9789056155261

Doarp oan see beskriuwt it deistich libben yn Makkum en syn soms nuveraardige ynwenners, yn de tiid foar’t de Sudersee de Iselmar waard.
Dizze skitterjende nije edysje fan Doarp oan see is basearre op de roman fan Hein F. Faber dy’t yn 1960 foar it earst ferskynde. Mei trochdat Hein Faber sa’n byldzjend skriuwer wie kaam syn omkesizzer Frâns Faber op it idee om in byldferhaal te meitsjen fan Doarp oan see. Syn krêftige tekeningen ferbyldzje de ynhâld fan it boek op in prachtige manier, en bringe Wichert Humalda, Sibe de Seeman, âlde Eling en alle oaren ta libben.

 

Ferskate auteurs:
Sykje / Zoektocht
Afûk, Ljouwert 2019
Ferkeappriis € 5,00
ISBN 9789493159051

Hommaazje oan – hommage aan
Aggie van der Meer

Tweetalig – Twatalich

Sykje is een uitgave van stichting UP in samenwerking met uitgeverij Afûk ter gelegenheid van de voorstellingen Sykje, hommage aan Aggie van der Meer.

 

 

Op- as oanmerkingen en oanfollingen kinne jo kwyt troch ûnderoan dizze side te reagearjen.

 

 

 

 

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op