Willem Winters

poepplak

logo.ensafh

foar ús hûs stiet in beam
dy beam stiet yn in fjouwerkant
dat fjouwerkant is ûnbetegele
der leit swarte grûn yn
en in berchje hûneloarten
dat stjonkt
ik mei dêr net oer
út en troch stappe wy op sa’n keutel
oplossing?
de ien makke in blommetúntsje
in twadde belei
it mei houtblokken
wy woene ek wat,
mar wat?
blommen binne by ús samar dea
houtblokken ha wy net

mar aha
by tún heart grint
wy nei de formido
twa sekken grint
noch gjin 5 euro
in omheining fan plankjes
krekt gjin € 10
nei hûs
oan ’t wurk,
bûten kin dat net
it spielt
dan mar yn ’e keamer
plankjes op maat seagje
240×150
wol wat seachsel
plankjes binne te lang om te hantearjen
op ’e hoeke fan de tafel
gatsje boarje
skroef der yn
oare kant
earste skroef sjit los
lit my mar even
in hoekizer prebearje
oare kant earst
hâld dit even fêst
wat?
dit ein
sjoch
sa
no skroevje
te dikke boar brûkt
de latten lizze wer los
moarn op ’e nij
it spielt
ûnder iten
earst de pealtsjes de grûn yn

dan de latten
oaremoarn
1 pealtsje
latte der oan fêst
foar it oare ein
1 pealtsje
huffe mei de hammer
pealtsje giet skean
it kostet muoite
planke en peal te ferbinen
nettsjinsteande matte seare knibbels
grint der yn
te min grint
moarn mear
noch 50 kilo
klear
wêr liket it op
in stikje zen-tún
of in grêf
gjin hûn skyt dêr wer

pear dagen letter
ik wit net
ik fyn it net sa moai
as immen der oer stroffelet
mar
der stiet in strjitlantearne
ja mar
lûk de boel der dan mar út

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op