Anne Feddema

Dangast?…Wêr leit dat? Diel 1

logo.ensafh

Twaentweintich july, moarns in kertier foar fiven…FYTSEALLEMIEREN. Op ’e fyts, rjochting Grins. Yn elts gefal moat ik earst dêrhinne en der dan nochris trochhinne én foarby. Ik sil nei Dangast…wêr yn ’e goedichheid leit dat?…komt noch. We binne noch mar krekt op ’en paad no? De loft is pears-oranje-kraplak, de nacht wol noch efkes bliuwe mar dat sit der net yn. It simmerljocht wurdt gewoanwei stadichoan te sterk. Dit binne de kleuren fan it noarden, fan bygelyks Emil Nolde, selsbeneamde Germaan by útstek, dy ‘boreale’ ferve-ynstek wie nammers lang net genôch, om him op te nimmen yn it gilde fan de byldzjende Neonephellenisten fan it Tredde Ryk. We binn’ no al in bytsje tichter by de beweechreden fan myn reis… Dútske Ekspressionisten dus. Skilders fan ’e keunstnersbeweging ‘Die Brücke’ en yn dit gefal benammen Karl Schmidt-Rottluff (1884-1976) en Erich Heckel ( 1883-1970 ), dy’t aardich wat kearen yn Dangast, Varel west hawwe. DANGAST yn Niedersachsen of Läichsaksen yn it Saterfrysk of sil ik mar sizze: ik gean nei ús bruorren yn Aastfräislound?
Dangast oan ’e Jadebusen, in trettjin kilometer lange ynholte oan ’e Dútske Waadsee. Yn 1907 wie it dêr wat libbensûnderhâld oanbelanget stikken goedkeaper om foar in langere perioade ta te hâlden as yn Berlyn en oare grutte stêden, mar wat minstens sa wichtich wie fansels: Je koenen der omraak skilderje…lânskippen en fiskerskoppen. Mar no fyts ik al wer te hurd, ik kom dêr letter noch wiidweidich op werom.
It sil hjoed noch net sa waarm wurde mar letter yn ’e wike sille der hiel wat temperatuerrekôrs sneuvelje, by ús mar ek yn Läichsaksen en ik sil der midden yn sitte…op it seal.


Ik gean as in spear troch it Fryske lân oer de âlde dyk nei Grins…de Grinzer strjitwei dy’t aanst fansels oergean sil yn ’e Friesche Straatweg, hoe kom ik no oan dy sch?, it is gewoan mei in s, no ja past wol better yn ’e sfear fan 1907 fansels en ik meitsje in reiske yn ’e tiid ommers, makket de wiere romantikus himsels wiis. Ik gean, dy spear haw ik al brûkt ek as in trein, yn elts gefal kom ik lâns deselde plakken as dêr’t de trein hohâldt…Hurdegaryp…Feanwâlden…Bûtenpost…en dan einlings Grinslân yn. Ik sil noch in bytsje hurder want oars komme we der net lêzers ek al haw ik it swit al op ’e rêchbonke en it skom yn ’e naad. Wêrom fyts ik sa hurd? Wat wol ik bewize? en foar wa? Dat in âld keardel fan tsjin de sechtich in kreaze kondysje hat. Ja dát ek en ik wol sa gau as mooglik oan ’e Dútske Kaffee mit Kuchen sitte…Mohntorte…Käsekuchen…Bienenstich mei karamellisearre mangeltsjes foar de fret…ik kom der oan hear, want as ik sa trochgean as ik no skriuw dan wurdt it mear in paradoks fan Zeno en kom ik der nea, wat dan wol wer hiel literêr wêze kin en ûnderhâldend. Ik wol jimm’ lykwols noch al Grins út krije dus tsjin acht oere sjit ik troch de stêd Grins…lâns it ‘Peerd van Ome Loeks’…sjong mar efkes: Daar wordt aan de deur geklopt…lâns…it Europa Park…giele pylkboerden… troch in Vinekswykje…it Winschoterdiep…dan wurdt it efkes rêstiger en ryd ik troch oant it plak Zuidbroek en dêr…halleluja joechhei…sit in enoarme ALDI, in stikje Dútslân yn Nederlân. Ik haw noch nea sa’n kâlde supermerk fan binnen meimakke, it liket wol ûnder nul te wêzen, as hawwe se der in stikje Eastfront pleatst…ik keapje blikjes drinken en noch wat saken en set de gong der wer yn…rjochting Heiligerlee en stap dêr fan ’e fyts om it monumint te besjen…dan Winschoten yn en rjochting kommunistegebiet…Beerta… Bad Nieuweschans…ik belje noch efkes mei thús en fia in lyts brechje sit ik ynienen yn Dútslân. Jawohl. Takommende moanne, diel twa Dangast?…wêr leit dat?… nije tsjilaventoeren mei jimme Fytsfreiherr Feddema.

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op