Greet Andringa

Nuver guod

logo.ensafh

Man, wat ha ik in pinekop! Lêste dei foar in lytse fakânsje en it liket as ha ik hielendal gjin tiid om fuort. It komt fan alle kanten: bern dy’t nei de simmer noch net hielendal teplak rûgele binne op de nije skoalle, âldelju lang net sûn, tassen heal ynpakt, justerjûn net hielendal noflik weromkommen fan in jierdeifeestje wêrtroch’t Leafste en ik beide op ús eigen eilân telâne kommen binne yn stee fan tegearre fleurich foarút te sjen nei it eilân wêr’t we hinne sille.

Opstiigjend troch te folle kofje en âldefrouljusklachten ha ik my fan ’e moarn opsluten yn it kantoar dêr’t tillefoans, klanten en kollega’s my ek al net mei rêst litte. Wêr yn de frede helje ik de romte en de enerzjy wei om ek noch in kollum te skriuwen,  fleurich en  kreatyf mei taal te boartsjen?

Yn fiif sinnen ha ik de lêzer meinommen nei de binnenwrâld fan in justjes oerspande húsfrou model 2019. Eins  bart dêrby itselde as by dy radioreklame oer radioreklame wêryn’t jo yn in heale minút fan in lytsboargerlike forins omtsjoend wurde ta de helte fan in romantysk bankrôversduo. Al is myn ferzje fansels minder leuk, want jo hawwe no gjin koffer mei goudstaven op de achterbank fan jo holle lizzen en ek de lippestift fan jo rôversmaat brânt jo net op it wang. Mar ik ha ek net fan dy moaie muzykjes en gelûdsjes ta myn beskikking. Ik ha allinnich mar in hânfol wurden.  Dat wat ik hjir doch is eins noch folle knapper!

Allinnich mar wurden. Dat betsjut dat ik wol deeglik mei taal dwaande bin. En eins bin ik dat de hiele dei al. Yn it gerêststellen fan myn pubers, yn de strategybesprekkings oer harren krupsjes mei myn âlders, yn it rûzje meitsjen en wyls gelokkich ek wer goedmeitsjen mei myn leafste en ek yn de ynformaasje útwikseling mei hûsdokters,  it stypjen fan kollega’s en yn de petearen mei kliïnten, pasjinten of hoe’t de helpfregers tsjintwurdich ek mar hjitte meie. De hiele dei bin ik, krekt as dejinge dy’t ik tsjinoer my haw, dwaande feiten, bylden en emoasjes ynpakt yn wurden yn de kop en de lea fan oare minsken te krijen. En leau mar dat dat betiden kreative topsport is! Alle dagen wer en it slagget ek net altyd…

Ferline wike waard ik frege by in petear mei in kliïnte fan ús dy’t altyd tige har bêst docht om it ZAG, it jierliks soarchôfstimmingspetear te ûntrinnen. In draak fan in namme fansels ek. It wurd skreaun en útsprutsen mei haadletters en dêr wurdt it fansels wol aardich ‘ontZAGwekkend’ fan: foar myn kollega’s, omdat it eat is dat It Systeem en dus de baas fan ús freget. Foar de kliïnten, omdat it moat fan de helpferlieners. En allegearre binne se, we, benaud om op de kop te krijen as we it ferkeard dogge. De helpferlieners slove harren tige ôf om de kliïnt al by sa’n petear te krijen en de kliïnt slooft him of har tige út om by it fjoerpeleton dat hy of sy ferwachtet wei te  bliuwen. Logysk.

Ik koe net iens wat sizze ferline wike. ‘Nee, ik wol no net mei dy prate,’ sei it útmergele boaze wyfke, ‘ik ha gjin tiid. Ik moat no dalik myn liende fyts werombringe!’ It read oanrûn, flibe rûnsputterjend stikelbaarchje wiisde nei de fyts dy’t troch it rút hinne te sjen wie. En hoe mear’t ik besocht út te lizzen dat ik allinnich mar weromsjen woe op it lêste jier en foarútsjen nei it kommende jier, omdat ik oars net wurkje koe, mar dat it gie oer hár sûnens, hoe hurder sy begong te tjirgjen. Doe’t it nei in hoartsje wat al te persoanlik waard, it sels by my oan de binnenkant wat begûn te kolkjen en ik dêr wat fan sei, spuide se foar my op de grûn, rûn fuort, rôp dat ik dan mar by har thúskomme moast en sloech de doar mei in klap achter har ticht. Dúdlike taal.

Fan ’e moarn is se der wer. Tegearre mei in oare kollega kloppet se op de doar fan it kantoar. ‘Ja sorry,’ seit se, ‘ik stie ferline wike stiif fan de coke en ik hie rûzje mei Michiel. Dy ha ’k der no út mitere. Folle better. Ik ha allinnich ferhipte lêst fan de mage!’ We prate in kertierke en dan binne we klear. Se komt oerein en freget ferbjustere: ‘Is dit alles?’ ‘Ja,’ antwurdzje ik.  ‘No….,’ seit se. En yn stee fan in hân krij ik in dikke krûp.

Nuver guod. Tiid likegoed as taal. Mar myn pinekop is oer.

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op