Aginda 24-10-19: Proazagedichtejûn yn Ljouwert

logo.ensafh

Proazagedichtejûn

De Deenske proazadichter Carsten René Nielsen ferbliuwt fan ’t hjerst seis wiken yn Grins om nij wurk te skriuwen en oer te setten. Dichterskollektyf RIXT fûn dat in moaie gelegenheid om him út te nûgjen foar in Proazagedichtejûn op 24 oktober 2019 om 20:00 oere yn De Basuin te Ljouwert, tegearre mei Nyk de Vries

Nielsen is gjin ûnbekende yn Ljouwert, mei’t er yn it Kulturele Haadstêdjier yn it Talepaviljoen MeM optreden hat. De Deenske dichter debutearre yn 1989 en hat wilens tsien gedichtebondels op syn namme stean. Hy is oersetten yn it Ingelsk, Italiaansk, Dútsk, Nederlânsk en Frysk.

Nyk de Vries hat twa proazagedichtebondels publisearre en is fierders bekend fan syn foarstellings en muzyk. Sa is er op it stuit dwaande syn proazagedichten op muzyk te setten en nij wurk te skriuwen.

Gelegenheidsformaasje Reade Runen, dy jûns besteande út Cornelis van der Wal, Syds Wiersma, Elmar Kuiper en Hein Jaap Hilarides, sil ek proazagedichten foardrage. De Reade Runen wiene earder dit jier te gast by Nielsen yn Denemarken en hawwe mei him optreden yn Aarhus en Kopenhagen.

Neidertiid is der noch in koart neipetear mei de performers. Op de jûn sil der yn it Deensk, it Frysk, it Nederlânsk en it Biltsk foardroegen wurde. Organisaasje en presintaasje is yn hannen fan Geart Tigchelaar. Yntree is € 4,00.

De Basuin, Nije Hollannerdyk 1, 8932 ES Ljouwert.

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op