Henk Nijp

Oan see

logo.ensafh

It soe hyt wurde; tropysk yn it easten en suden fan it lân en it safolste nije waarmterekôr fan de simmer siet der oan te kommen. Oan ‘e kust foel it wat ta neffens de berjochten. Wy binne gek op see, strân en simmerwaar dat dat kaam goed út.
Moai op tiid joegen wy ús del op it noch koele sân. Parasol mei foar wat skaad as wy dêr al ferlegen om kamen te sitten, en it iten en drinken soe sa hooplik noch in bytsje kâld bliuwe.
It wie net drok, de measte skoallen wiene al wer los neffens de spandoeken ûnderweis, dêr soe it wol mei te krijen ha; romte by de rûs om ús hinne. Der wie hast gjin wyn en de sinne wie der knap by, it koe eins net better. Nei de termoskofje en de krante hie ik wol wer ferlet fan wat beweging. It wie ôfgeand tij, it strân waard stadichoan breder en it sân by de floedstripe wie flink hurd dat ik koe moai even in loopke nei de folgjende dúnoergong dwaan, ik rûs sa’n 3 km fierderop. Underweis moete ik mar in stik as wat kuierders, gauris mei ien of mear hûnen. Midden tusken twa dúnoergongen yn is meastentiids al net drok, mar hjoed wie der echt gjin kop op in grutte kloft kobben nei. Dy fûgels skoden stadich, stapke foar stapke, mar massaal wat op doe ‘t se my bemurken, mar fûnen it net nedich om op ‘e wjukken te gean. Ik wie blykber gjin serieuze bedriging.
By de kear fan myn kuier wie al wat mear folk op ‘e lapen, mar echt drok koest it dêr net neame. Op ‘e weromreis sieten de seemiuwen noch op sawat itselde plak te wachtsjen op leech wetter.
Doe’t ik nei in lyts oerke werom wie by ús plakje, siet op noch gjin oardel meter foar ús in ploechje fan fjouwer minsken, op stretchers en luchtbêden, mei lûde stimmen wakker mei-inoar te praten. Wêrom’t se no krekt dêr, deun foar ús, delploft wiene wie my in riedsel, want der wie noch plak genôch om ús hinne.
It petear gong oer fan alles en noch wat; twaddehânsk auto’s, piercings, brúnbakke en ferbaarne mei SP-faktors fan 50, 30 of 20, de priis fan benzine en bier, langhierrige hûnen en puppen, eardere fakânsjes yn Spanje en neam mar op. Ut it petear dat nea stilfoel, koene wy opmeitsje dat it in heit en in mem, harren folwoeksen dochter en in freondinne of buorfrou fan de húshâlding wiene. Benammen it famke koe der wat fan. Sy hie in grutte tatoeaazje op de sydkant fan it iene kût, fan ankel oant knibbel en op ‘e ûnderrêch in flink kontgewei, sa’n ‘tramp stamp’, sis mar. Hja rattele oan ien tried wei, se hie net yn ‘e gaten dat elkenien yn ‘e omkriten alles hearde, of it koe har neat skele fansels. It iene blikje nei it oare kaam út de kuolboksen, der kaam gjin ein oan. En tuskentroch draaide en rookte se har sjekjes. Ynienen helle it famke in grutte plestik flamingo foar it ljocht en begûn dy op te blazen. Mei de mûle. Dat moast lykwols yn etappes oars soe se grif pineholle krije, ornearre se. Dat fan dy pineholle koe ik my goed yntinke, en ek wol sûnder flamingo. It opblazen hat wol in healoere duorre en doe hat se noch gjin fiif minuten mei it bist de see yn west. Mar dóe’t hja even fuort wie, waard it hiel rêstich om ús hinne… It bist foldie net oan de ferwachtingen; se hie leaver in luchtbêd hân mei sa’n trochsichtige boppekant en in sulveren refleksjelaach binnenyn. Mar dy wiene net mear te krijen by de Aldi dêr’t se wurke. Foarich jier noch wol, mar dizze simmer hiene se dy net mear yn ‘e winkel hân, oars hie se der fuort trije fan meinaam. By de Xenos hie se ek om ‘e nocht west….en .. en.., it bekje stie mar net stil. Sa kaam it petear op wurk en winkels. Se hie al yn ferskate supers wurke en no dus by de Aldi. Gelokkich hie se fijne kollega’s want oars hie se al lang in burn-out hân want hoe hufterich as it winkelpersoniel tsjintwurdich troch de ‘klanten’ behannele waard dat raast oan ‘e protters. De liedingjaanden koene der trouwens ek wat mei. Yn de ‘Appie’ wie it goed beskôge noch it slimst, wat in publyk, dan wie it by dizze Aldi noch hillich….
Letter kamen der noch dikke billen, boarstkorreksjes, liposuksjes, botox-ynjeksjes en noch folle mear lichaamlik ûngeriif foarby. It rûn doe al moai nei seizen en der kaam wat wyn fan see opsetten. Moarn soe it wer prachtich waar wurde, mar dan hie hja mei in freondinne ôfpraten om nei in oar plak oan see te gean. Dat dan soe sy hjir dus net hinne komme. Se pakten op, ferdwûnen rjochting parkearplak en de rêst daalde oer it strân.
De oare deis soe wierskynlik de útsetter fan de simmer wurde, wy soene der nochris fan profiteare, it koe noch in kear.
Doe’t wy de oare deis al in skoftke op sawat itselde plak wiene, kaam it stel der wer oansetten. De dochter wie der yndie net by. Se joegen har del op itselde plak. Wol wer krekt foar ús, mar it praat wie sa lûd net, wy hoegden net mei te harkjen. Noch net in healoerke letter kaam it haffelbekje dochs oantoffeljen! De freondinne hie ôfbelle om’t har berntsje de nachts siik wurden wie. Dêrom kaam se no hjir mar wer hinne, wol sa gesellich dochs!? Se nestele har neist de oaren mei har luchtbêd – de flamingo wie net meikommen – en it earste blikje kaam al foar it ljocht. It gong wer oan…
Wy binne mar in meter as fyftich opskood. Romte genôch, it strân is ommers fan ús allegearre.

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op