Lês fierder by Skanomodu
31-03-10 Boekpresintaasje Obe Postma Selskip
snein, 7 maart, 2010
Op 31 maart oansteande wurde om 16.00 oere troch it Obe Postma Selskip yn it Natuermuseum Fryslân (Schoenmakersperk 2, 8911 EM) te Ljouwert twa boeken op it gebiet fan de lânskipsskiednis oanbean. Sprekkers binne ûnder mear de histoarysk- geografen prof. dr. Theo Spek en prof. dr. Guus J. Borger. It giet om in mânske útjefte fan lânbouhistoaryske opstellen fan Obe Postma, Veld, huis en bedrijf, besoarge troch Philippus Breuker m.m.f. Meindert Schroor en Tineke Steenmeijer-Wielenga, en de bundel Van Groningen tot Zeeland.








