Aginda 11-10-19: Lêzing oer R.R. van der Leest en in bysûndere skaak- en dampartij by Tresoar

logo.ensafh

Lêzing oer R.R. van der Leest en in bysûndere skaak- en dampartij by Tresoar
11 oktober, 16.00

Op 11 oktober is Tresoar it dekôr fan in bysûnder barren. Tidens in lêzing oer keunstner R.R. van der Leest kin it oanwêzige publyk meidwaan oan in digitale ‘swalkjende’ skaak- en dampartij.

Yn 2004 joech R.R. van der Leest in boekje út mei dêryn tekeningen by in skaakpartij. Dy skaakpartij wie al mear as 100 jier lyn spile, mar wol mei 70 dielnimmers: elke set waard troch in oare skaker spile. De spilers stjoerden elkoar de setten ta oer de post, en sa reizge de partij de hiele wrâld oer: ‘de swalkjende partij’.

Op 11 oktober jout Liuwe Westra in lêzing oer dy partij, oer wat Van der Leest dêrmei die, en oer skaken en tinksporten yn it fierdere wurk fan Van der Leest.

Boppedat jout hy de ôftraap foar twa nije ‘swalkjende partijen’, ien skaakpartij en ien partij Frysk Damjen. Mei de kommunikaasjemiddels fan hjoed-de-dei komme dêr gjin postsegels mear oan te pas, en kinne boppedat de partijen live folge wurde wylst de lêzing holden wurdt. De earste set wurdt dien troch Bert Looper, direkteur fan Tresoar.

De lêzing begjint om 16.00 oere (ynrin 15.30 oere) en wurdt hâlden yn de Gysbert Japicx-seal fan Tresoar (Bûterhoeke 1, Ljouwert). De tagong is fergees. Oanmelde is net nedich.

Meidwaan?
Dammers en skakers fan alle nivo’s binne fan herte wolkom, en kinne meidwaan oan de primeur fan twa nije ‘swalkjende partijen’ fia ynternet.

Hoe wurket it?
Wolst meidwaan oan de swalkjende skaak- en dampartij? Doch dan it folgjende:

Nim dyn tablet of smartphone mei
Log by Tresoar yn op it iepenbiere wifi-netwurk: kultuer.net (gjin wachtwurd nedich)
Gean nei de websiden www.lidraughts.org en www.lichess.org en log yn mei dyn account. Let op: hjirfoar is it handich datst foarôfgeand oan de lêzing alfêst in account oanmakkest op de websiden (sjoch rjochts boppe-yn by ‘aanmelden’).
Dêrnei kin de partij spile wurde.

De lêzing en skaak-/dampartij binne ûnderdiel fan de programmearring by de tentoanstelling ‘Reizen om utens’ oer it byldzjend wurk fan Reinder R. van der Leest.

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op