Aginda 17-10-19: Spoken Word festival

logo.ensafh

Yvonne Willems fan Lokaalwerk, is ien fan de gearstallers fan de Waling Dykstra tentoanstelling. Sy sil oan it wurd oer it fenomeen Spoken Word. Dêrnei komme ferskate Spoken Word keunstners oan bod.
Dat binne: Nynke Laverman, Arjan Hut, Elske Kampen, Wiebe Kaspers, Annemarie Lindeboom en Atelier Ilse Vos, Ilse Vos de winner fan de Poetry Slam dy’t op 14 septimber hâlden is.

Sy sille it publyk yn oanrekking bringe mei it fenomeen ‘Spoken Word’: ‘de foardracht fan in selsskreaune tekst, dêr’t de foardracht fan ferheven wurdt ta keunst. Spoken Word is de keunst om de wurden fan it papier te heljen en se ta libben te bringen.’(oerset sitaat Obe Alkema yn nrc.next 30 aug. 2019)
Dizze aktiviteit is ûnderdiel fan de tentoanstelling ‘Waling Dykstra – Foarútgong’.

Tongersdei 17 oktober yn Obe, ynrin 19.30; start 20.00

Heer Ivostrjitsje 1, 8911 DP Ljouwert

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op