Jelma Knol

Under de radar

logo.ensafh

Tweintich jier liet ik my manaazje yn tsjinst fan de Fryske literatuer. Alteast: ik liet de boppe my stelden tinke dat se dat diene. Manaazjers wiene in foarbygeand ferskynsel, dêr kaam ik al gau achter. Myn mantra wie: ‘Bazen komme, bazen gean, mar Jelma Knol bliuwt altyd bestean.’ Krij my mar ris fan myn stoel ôf. Prachtige skriuwers haw ik útjûn en moaie tiden haw ik meimakke. Der sjit my in autorit yn it sin mei Rink van der Velde op wei nei Gerrit Breteler, dy’t in omslach foar him skilderje soe. Wy giene letterlik by Ealsum en Wetsens om. Rink en Durk van der Ploeg, twa baasskriuwers dy’t as bern yn itselde doarp wenne hiene dêr’t ús mem weikaam. Sy koene ús famylje ek goed. Wy koene it wol pratende hâlde. De skriuwers en skriuwsters: dat wiene myn echte opdrachtjouwers en it wie in eare om har boeken út te jaan.

De manaazjers wiene in soarte fan ferfelende miggen dy’tst handich fan dy ôfslaan moatst. Lêsten rûgele thús út in boek in âlde útprinte mail. ‘Claudia’, dat wie de koarte oanhef: ‘Wy hawwe yn it produksjeproses ôfpraat foar hokker boeken advertearre wurdt. Jelma Knol rint dêr eigenmachtich trochhinne troch foar xxx en xxx advertinsjes te pleatsen.’ Ik moast even hiel bot neitinke: wa wie Claudia ek al wer? O ja, dy haw ik al tweintich jier net mear sjoen. Prima minske, se oerhandige my hiel kollegiaal de mail mei in stielen gesicht. Tragysk misferstân ek fan de kant fan de manaazjer: ik gyng hielendal net oer de advertinsjes. Letter kamen wy der achter dat ien fan de jonges fan de sûnt jier en dei opheven prepress-ôfdieling in grutte persoanlike foarkar hie foar boeken oer de Twadde Wrâldkriich. Wie der op it lêste momint in gat yn de advertinsjeside dat opfuld wurde moast mei in stopper, dan pleatste hy in fijn boek fan ús dat yn de Twadde Wrâldkriich spile. Sa kamen Rink, Durk, Tiny en Jo oan harren ekstra moaie ferkeapsifers.

Elke nije manaazjer tocht dat er it tsjil op ’e nij útfine koe en liet in tal foarsisbere marketinggjalpen los op de wurkflier: content, branding, multy-media, modernisearring fan de webside, ensafuorthinne. Dêrnei kamen der noch wer hegere manaazjers dy’t ús wol even smart manaazje soene. By it earste funksjonearringspetear dat ik krige (en ek it lêste), waard my frege hokker smarte doelen ik neistribbe. No koene de skjinmakkers myn buro nea himmelje, omdat ik mar twa kear yn it jier myn brot opromme: foardat ik mei fakânsje gyng. Dus ik sei tsjin dizze bêst wol aardige baas: ‘As ik noris fjouwer kear jiers myn buro opromje yn stee fan twa kear?’ Nee, frou Knol, sa koene wy net. Betink ris wat oars. ‘As ik de kosten foar boekpresintaasjes noris mei 75% werombring?’ stelde ik út. Jawis, dat wiene berjochten dy’t se hearre woene. Ik sei der net by dat ik hielendal gjin boekpresintaasjes mear organisearje soe. De promosjonele wearde wie yn de regel ommers nihil en ik organisearre my in slach yn de rûnte. Ik koe better mear boektitels útjaan, want de begrutting waard jierliks foars opkrikt mei in hieltyd hegere bruto-omset, wylst der tagelyk flink snoeid waard yn de kosten, foaral foar fasilitêre krêften.

Nei myn ûntslach tocht ik ferromme: hearlik, noait wer in manaazjer dy’t jin foar de fuotten rint. Ik die in twajierrige oplieding ta IVN-natuergids en besocht myn frijwilligerswurksumheden noch wat mear út te wreidzjen. Want frijwilliger haw ik myn hiele libben west, al hie it doe dy namme net. Neist myn betelle wurk wie ik redakteur foar HJIR en ensafh, húswurkbegelieder, bestjoerslid foar in politike partij, fredesbeweging, redakteur fan sollisitaasjebrieven foar dyslektyske freonen en neam mar op en dat foldie altiten bêst.

Skriuw dy foldwaning tsjintwurdich mar op dyn búk. De frijwilliger fan hjoed-de-dei wurdt oan de rinnende bân byskoalle, coached en yn de gaten hâlden. Oft jo no taalmaatje, gids of kofje-ynskinker by de bejaarden binne: der is altyd wol in beropskracht dy’t dy presys fertelle sil hoe’tst dyn taken it effektyfst oanpakst. ‘En fral net de problemen mei nei hûs nimme.’ Ja baas. En dan prate wy net oer de muoite en tiid dy’t it kostet om earne binnen te kommen as offisjele frijwilliger dy’t it echte wurk op de wurkflier ferrjochtet. Trije kear haw ik te hearren krigen (neidat ik earst in jier ynskreaun stie) dat myn cv te lang wie. Mar ik wit no op myn 64’ste teminsten wat myn einbestimming is: ik bliuw ûnder de radar. As ûnoffisjele, anargistyske, net te manaazjen frijwiliger. Dus as wat wy destiids in gewoan minske neamden, dy’t wolris wat foar in oar die en dêr in soad gesellichheid foar weromkrige.

2
Reageer op dit artikel

avatar
2 Comment threads
0 Thread replies
0 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
2 Comment authors
Henk van der VeerLubbertJan De Vries Recent comment authors
  Subscribe  
Abonneren op
LubbertJan De Vries
Gast
LubbertJan De Vries

jawis, managers….by nacht op wampeks stjoere yn é Trynwâlden, dan wurde se fansels wei…

Henk van der Veer
Gast

Onze Jan is manager geworden Nooit een vak geleerd, z’n handen staan verkeerd, onze Jan is manager geworden Nergens voor geschikt heeft ie ‘t geflikt onze Jan is manager geworden Werken lukte nooit zo goed Maar nu vertelt ie hoe het moet Onze Jan is manager geworden Want heel vroeg begreep ie al, de beste stuurlui staan aan wal En bij voorkeur op een lullig ministerie of stadshuis onze Jan met zn lege hersenpan en zn politieke vriendjes onze Jan. Grote ambtenaar, kleine krabbelaar onze Jan is manager geworden hele mooie baan niet meer te ontslaan onze Jan is manager… Lees verder »