Aginda 25-10-19: FreMiBu foar skriuwers en dichters

logo.ensafh

De FreMiBu is in treffen op in ynformeel en sfearfol plak dat net ôfhandich gelegen is.
Grand Café Wouters oan it stasjonsplein yn Ljouwert foldocht skoan oan de kritearia.

Alle kearen in ferrassing wa’t fan de kollega’s opdaagjen komme en hoe smout of besteklik oft it petear oan tafel wurdt, mar dat wurdt it wol!

De FreMiBu is op elke lêste freed fan de moanne.

Wa’t it in kear net skikt, mar wol komme woe – gjin noed! Elke oare moanne is der wer in FreMiBu…

Ynrintiid: healwei fiven oant seis oere, elk mei fansels bliuwe oant slutingstiid fan Wouters.

Dit is in partikulier (lês: net subsidearre; lês: der hoecht gjin ferantwurding ôflein te wurden, lês: jim betelje jim eigen drankjes en bitterballen) ynisjatyf, foaral bedoeld om mei inoar te praten en te drinken en yn ‘e kunde te kommen mei de oare bodders yn de Fryske literatuer.

Elk is wolkom. Oant freed-de-lêste !

Ynfo: jetske_bilker@hotmail.com

1
Reageer op dit artikel

avatar
1 Comment threads
0 Thread replies
1 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
1 Comment authors
Loek van der Heide Recent comment authors
  Subscribe  
Abonneren op
Loek van der Heide
Gast

Beowulf, Billand en Bernlef: Dit hâld yn: Yn legende in Âld-Ingelsk AngelSaxysk ferlochte in combinaasje mei yn presentaasje fan Archeologyske feiten oer ‘billand’, Noardwest Fryslân en Westergo-zône Mei saak-kundigen wol ik yn it t NijJier tawurkje nei yn presentaasje fan boppen-neamt, yn âlde, Skandinaviske Sage, ûnt stean far foar Kristus, troch de Venerable mûnts Bede ûnder twabg fan Paus Gregorius mei Bybelske elenemten oanpast…… Skynkik hat de bliine sjonger Bernlef, by gearkomste mei Kening Redbad dizze boppeneamde sage foardroegen, mooglik yn in Ringwalboarch sa’t saakkundige Sytse Keizer beskrieuw in û.m. platform ‘Accademia’ Fansels yn Ringwalboarch op ien fan e kwelderwâllen… Lees verder »