Aginda 10-11-19: Geart Tigchelaar en Ydwine Scarse fertelle oer fytsreis

logo.ensafh

Geart Tigchelaar en Ydwine Scarse fertelle oer harren reis op ‘e fyts fan Fryslân nei Albanië en werom

‘Wy hawwe in moai blokje om te fytsen west fan Fryslân nei Albanië en wer werom. We hawwe de fytsen wer yn ‘e stalling set foar it stuit, mar oer ús wjerfarren wolle wy it ien en it oar fertelle. Dêrom nûgje wy dy fan herten út om op 10 novimber del te kommen yn MFS Wjukken yn Mantgum. De middei begjint om 15:30 oere mei kofje en tee, want sûnder drûch en wiet is it fansels dreech om oan sa’n fytstocht te begjinnen. Wy sille it ûnder oaren hawwe oer ús beweechredenen, wat wy mei hienen en wat sa al wy belibbe hawwe. Nei de tiid drinke wy noch ien op ’e goede ôfrin.

Wat De Fytsestalling
Wannear Snein 10 novimber 2019, 15:30 oere
Wêr MFS Wjukken,  Om ’e Terp 21, 9022 BD Mantgum

Tagong is fansels fergees (de bar net), mar stipe foar Cycling out of Poverty is altyd wolkom. Wy hoopje jimme allegearre te sjen op dy sneins! Ferfier nei Mantgum is tige maklik mei de trein (of op ’e fyts).’

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op