Teleks: Twa fersen Jan Kleefstra op RIXT nei oanlieding fan oprop de Moanne

logo.ensafh

De redaksje fan De Moanne ropt Fryske skriuwers op om út ’e skulp te krûpen en harren om ’e werklikheid te bekroadzjen. Hat de redaksje him dêrby ôffrege wat ‘werklikheid’ is? Binne net alle (skriuwers)wurden en keunstuterings in refleksje op hokfoar werklikheid dan ek? Wat werklikheid hawwe se it oer? Ik kin dêr wol in reaksje op betinke, mar ik lit de folslein mispleatste suggestjes graach oan harsels. En as se dan ek noch guon nammen fan skriuwers neame dy’t har wól om dy saneamde werklikheid bekroadzje, skowe se alle skriuwers dy’t se net neame mei ien feech yn de blykber leechachte hoeke dêr’t nimmen har/him drok liket te meitsjen of dwaande hâldt mei de ‘werklikheid’.

Lês fierder by RIXT

1
Reageer op dit artikel

avatar
1 Comment threads
0 Thread replies
0 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
1 Comment authors
josse de haan Recent comment authors
  Subscribe  
Abonneren op
josse de haan
Gast
josse de haan

Ik begryp net wêrom’t Jan Kleefstra him op ‘e pik trape field – der wurde 4 dichters neamd dy’t neffens De Moanne de bining mei de werklikheid hawwe. De dichter fan Fryslân, Eeltsje Hettinga; de dichter des Vaderlands, Tsead Bruinja en dan noch twa dy’t gauris yn De Moanne publisearje. Fryslân telt noch tsientallen oare dichters. Proazaskriuwers wurde ek utnoadige. In nijsgjirrich inisjatyf wol ik hawwe. Ik tink dat Kleefstra ferdomd goed wit hokker werklikheid bedoeld wurdt – bygelyks net dy fan Erdogan dy’t krekt tûzenden boeken ferneatige hat, net dy fan ISIS dy’t in 100.000 boeken (ek hele âlde)… Lees verder »