Teleks: Sjuery Lytse Gysbert Japicxpriis 2019 bekend

logo.ensafh

*Lida Dijkstra* skriuwt printeboeken, boeken foar begjinnende lêzers en foar âldere bern. Foar dy lêste kategory lit sy har graach ynspirearje troch (Keunst)skiednis, har eardere fakgebiet. Sy giet faak nei skoallen en biblioteken ta om foar te lêzen en te fertellen oer har wurk. Se wurket as Skoalskriuwer en is beneamd ta Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân.

*Thijs Meester* is akteur, sjonger, poppespiler én hy makket teäter. Hy is bekend fan suksesfolle produksjes lykas Elk Sines, Master Gysbert, Kollumer Oproer, De Wylde Boerinne en Kening Hert & Harry Hazze. Takom jier giet syn solo-foarstelling yn premjêre. In tal ferskes dêrfoar wurde spesjaal skreaun troch Piter Wilkens.

*Ida Heddema-van Keimpema* wurket al sûnt 2007 by de útjouwerij fan de Afûk, dé ynstelling op it mêd Fryske taal en Kultuer. Ida hâldt har û.o. dwaande mei de ferkeap en promoasje fan Fryske (berne)boeken. Ek organisearret en koördinearret sy promoasje- en ferkeapaktiviteiten foar Boeken fan Fryslân.

De winner wurdt bekend makke op sneontemiddei 16 novimber yn de Martinitsjerke fan Boalsert. De winner krijt de fûl begearde ‘Gouden Fear’ 2019 en is dan winner fan de Lytse Gysbert Japicxpriis 2019!

Om de útrikking hinne is der teäterspektakel en feest 🎉 foar alle bern dy’t meidien hawwe oan it projekt ‘Frysk en Gysbert Japicx’. Foar alle nominearre bern is der 🏵 spesjale oandacht, in presintsje en in fotomoment mei Stella van Gent, technysk foarsitter fan de sjuery en wethâlder fan de Gemeente Súdwest-Fryslân.

Nei ôfrin fan de útrikking is der drinken en in hapke foar alle groepen 7 / 8 bern fan de skoallen út Mildaam, Jobbegea, Sint Jânsgea, Aldehaske, Blauhús, Penjum en Boalsert en is der in Meet & Greet mei Jakoba, Bertje en Juf Gijsje (Master Gysbert).

Tekst: Facebook Gysbert Japicxhûs

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op