Nûmer 1 fan Ensafh op papier is út

logo.ensafh

It earste  nûmer fan ensafh yn print is ferskynd. Hjir ûnder stean de ynhâldsopjefte en ek it redaksjoneel. Foat it nimmen fan it abonnemint sjoch ûnder Abonnemint.

Losse nûmers binne te keap by de boekhannel en kinne ek besteld wurde, sjoch dêrfoar ek it mailadres ûnder Abonnemint.

ensafh-2010-1

Ynhâld ensafh 1 yn print

3 Redaksjoneel (sjoch ûnder)

4 Anne Feddema
Torpedo’s los!

5 Geart Tigchelaar
Spikerbroek en rock ’n roll

6 Eric Hoekstra
It Paradys ferlern, mar in fraaie oersetting fan Milton wûn (Besprek Fryske oersetting John Milton, Paradise Lost)

12 Bartle Laverman
Jehannes op solder

17 Teije Idzardi
Bûlen fan Caisson

18 Pieter Duijff
Striid en segen – ta it 75-jierrich bestean fan de KFFB

24 Piter Boersma
De plint
It húskerútsje

26 Froukje Sijtsma
Libje of libbe wurde? (Besprek Eelkje Tuma, Paadwizer (roman))

31 Heidi Andringa
Oerbliuwsels

32 Jelma Knol
De eksposysje

36 Fettsje Boorsma
Tante Siep

37 Aggie van der Meer
Fitaal

39 Eric Hoekstra
Bûtendyks
Binnendyks
Thús

42 Simen Oetie
De pion

53 Beart Oosterhaven
Tolve keunstlieten as ‘soundtrack’ (Besprek Nynke Laverman, Nomade (cd))

57 Edwin de Groot
Skatplicht

60 Hidde Boersma
Wachtsje op honger

Redaksjoneel

Hjoed stjoerde ik in mailtsje nei myn manager. Foar de safolste kear hie it management yn myn eagen in ad-hoc beslút nommen dat op termyn gjin goede set wêze soe. Ik hie witte litten hoe’t it yn myn eagen better koe. Mar myn manager mailde werom dat it beslút al nommen wie, mar wymochten komme mei praktyske oplossings. Ik mailde werom: ‘Mijn oplossing ìs praktisch Sandra en daarnaast een stuk efficiënter dan morgen de hele boel verhuizen’. Op hege poaten kaam se nei my ta: ‘Je toon bevalt me niet’.
Mar, yn in mail sit dochs gjin toan? Sjoen de diskusjes op ynternet is der noch al wat miskommunikaasje yn it skreaune kontakt. Dat hat fêst gauris te krijen mei de toan dy’t de lêzer mient te hearren.
Hoe oars is dat mei literatuer. Dêryn hat de skriuwer syn eigen toan, mar ‘jout’ syn wurk út hannen oan de lêzer. Dy mei der yn lêze wat hy wol, deryn sjen wat hy deryn sjocht, it lêze op syn eigen toan.
Eric Hoekstra ropt yn syn resinsje fan It paradys ferlern de lêzer op, parten út it boek fan John Milton (yn in oersetting fan Geart van der Meer) lûdop foar te dragen ‘en lit him betsjoene troch it machtige ritme fan it fers, de prachtige bylden dy’t oproppen wurde fan de hel, fan it paradys, fan de Sûnde en de Dea,
en fan de ingels en duvels dy’t om ús hinne sweve en, wa wit, yn ús tahâlde.’
Njonken dizze resinsje, yn dit nûmer in besprek fan de cd Nomade fan Nynke Laverman en de tekst fan de feestrede dy’t Pieter Duijff hâlde by it 75-jierrich bestean fan de KFFB op 16 jannewaris fan dit jier. Fierder in ferskaat oan gedichten en ferhalen dy’tst lêze meist op eigen toan.

OFSKIED EN WOLKOM
Sito Wijngaarden hat ôfskied naam as reachmaster en redaksjelid fan ensafh, om’t er binnen syn baan by de Afûk no ek by it tydskrift De Moanne belutsen is. Wy winskje Sito in soad sukses mei syn wurk en betankje him foar alles dat er foar ensafh, en earder Hjir en Farsk, dien hat!
Cornelis van der Wal is ús nije reachmaster en dêr binne wy hiel bliid mei. Foar de dúdlikheid: Cornelis makket gjin diel út fan de redaksje.
Ek nij is it wurk fan Hendrik Elings. Fan dit nûmer ôf sil hy foarearst yn elk nûmer fan ensafh by in gedicht as ferhaal in tekening meitsje. Wolkom!


Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op