Lomme Schokker

Fakânsjeprakkesaasjes: Monet, Alma Tadema en de echte Fries

logo.ensafh

De lêste tiid lês ik gauris dat ien syn (it binne meastentiids manlju) argumintaasje krêft mient by te setten mei it fenomeen fan de Grutste Gemiene Dieler: ik ha nammerste mear gelyk, want myn stânpunt is ek de wil fan it gewoane folk. De GGD jout de skriuwer yn eigen eagen blykber net inkeld in bysûndere legitimaasje foar syn opfetting, ymplisyt wurdt ek fyntsjes oanjûn dat de miening fan in oarstinkende dus net reëel of sels elitêr is, alhiel net fan de ‘echte’ wrâld. Guon striders foar in Grutte Fryske Saak hawwe ek dy gewoante. Foar sokken liket de ‘echte’ Fries de nije elite te wêzen, ek al wit de ienlingsminske dat in ‘echte’ Fries net bestean kin – likemin as der echte Frânsen of echte Basken besteane – want minsken wolle gjin omskot wêze mei it ynstriele wetter fan in oar syn leauwe.

Twa wike Pyreneeën, de earste wike oan de Spaanske kant boppe Pamplona; de twadde wike op it Frânske part yn de omkriten fan Lourdes. Wy nimme de tiid om nei it suden ôf te reizgjen, nei in oere of seis riden oernachtsje wy by Rouen. It earste wat my op de keamer yn ús B&B opfalt is boppe it bêd de langwerpige poster fan in skilderij fan Alma Tadema, ‘ús Lourens’: A World Of Their Own (The Taft Museum Cincinnati). Op in wyt kleed tusken it blommegers by de see lizze in man en in frou mei de holle byinoar. Hy sjocht hoopfol yn de rjochting fan wêr’t har boarsten earne ûnder it Valenciennes-kant ferskûle lizze; sy sjocht, mei de hân ûnder it kin, yn de rjochting fan de skilder mei in eachopslach fan wat sil ik mei dizze kwibus. Technysk merakels skildere, dêr net fan, mar it docht my neat. It is keunstich en hat syn wearde, mar ik fyn it net oprjocht. Dit is kommersjele keunst, ferfeardige om’t der in merk foar is. De keunstner sels hat him ûnderskikkend makke oan syn produkt. Sa’t ik it taksearje ferhuorket hy him hjir oan de wil en de winsken fan it folk, yn dit gefal folk mei statusdrang dat foar de wrâld oer unyk wêze wol troch te pronkjen mei eat dêr’t se o sa graach fan leauwe wolle dat it bysûnder en ûnderskiedend is.

Op de weromreis sitte wy in nacht yn Canteleu, krekt oan de oare kant fan Rouen, yn in manoir sa út Pride and Prejudice: hege keamers, kreakjende treppen, losse lûken en doarskrukken, ôfblêdzjend skilderwurk en in grut ferskaat oan hartepoaten en hoarnen by de trepsmuorren lâns. Op ús keamer boeken oer keunst, tunen, arsjitektuer, abdijen en ynterieurdesign. Op it bêd, breed as in swimbad, blêdzje ik troch in prachtich yllustrearre boek oer de ympresjonisten yn Rouen en omjouwing. Jûns rinne wy lâns de Seine de âlde stêd yn en by de katedraal sjoch ik in boerd mei in ôfbylding fan in skilderij fan Monet: La Cathédrale de Rouen. Le portail et la Tour Saint Romain, harmonie bleue, Musée d’Orsay, Paris. Monet hat om 1893 hinne fan dat plak ôf mear as ien stúdzje makke fan de katedraal. Foar my oer sjoch ik de grandeur fan dy ûntsachlike tsjerke en ik sjoch hoe’t Monet dizze pracht yn it iere moarnsljocht doetiids skildere hat. Ik bin der stil fan, dit rekket my. Sjoch, dit fyn ik ynteger, dit is wrachtich. Hy nimt yn de wrâld om him hinne himsels as referinsjepunt, siket it lytste gemiene mearfâld en, los fan wat oaren der fan tinke sille, skilderet er wat er fielt dat ferburgen leit.

Mei yn de koffer in Bernadettefleske fol ynstriele wetter en in boek oer de bou fan goatyske katedralen rydt dizze Fries de oare deis fan it iene yngewikkeld tolpoartsje nei it oare oer Amiens en Lille wer op it heitelân oan. En dat is Nederlân.

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op