Teleks: Priisfraach 75 jier frijheid

logo.ensafh

Takom jier is it 75 jier lyn dat der in ein kaam oan de Twadde Wrâldoarloch. 75 Jier libje wy no yn frijheid. Wat betsjut dat foar ús? Wat is frijheid presys? Wurdearje wy de frijheid noch genôch? Wat is it effekt fan it frij wêzen foar ús?

Tresoar ropt skriuwers en dichters op om oer it tema ’75 jier frijheid’ ferhalen en gedichten te meitsjen. Wa docht mei?

Lês fierder by Sirkwy

3
Reageer op dit artikel

avatar
3 Comment threads
0 Thread replies
0 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
2 Comment authors
Corneliusjosse de haan Recent comment authors
  Subscribe  
Abonneren op
josse de haan
Gast
josse de haan

Tresoar skriuwt: ‘Mei it ynstjoeren jouwe jo tastimming foar publikaasje’. Mei oare wurden – de priis dy’t takend wurdt, is tagelyk ek it honorarium, of wurdt der ek noch honorarium betelle? it docht my tinken oan de KFFB eartiids mei har ‘priisfragen’.

josse de haan
Gast
josse de haan

Ensfh publisearre de Relywinners yn har tiidskrift. Dy winners krije dus de priis fan Rely EN in honorarium fan ensfh, sa’t de subsydzjejouwer dat bedoeld hat – nim ik oan. Logysk, want in publikaasje (Copyrights) moat betelle wurde. Dêroer lês ik neat by Tresoar. Ast ynstjoerst krijt Tresoar alle rjochten (?).