Henk Nijp

Wintertiid

logo.ensafh

Ik moat my soargen meitsje. Ik bin yn gefaar, alteast de húshâlding en alle have en goed. Want it is alwer oktober en dus giet aanst dy ferhipte wintertiid wer yn. En dan wurdt it tsjuster mar benammen ek link om ús hinne. Want ‘wintertijd is het hoogseizoen voor inbrekers‘. Dat ropt ‘Veilig Wonen Nederland’ yn in alarmmail wêr’t ik net om frege ha. Mar ik krij wol mear mail samar yn de ynboks. En it spamfilter is blykber net op soks ynsteld of fynt it berjocht faaks te wichtich om it der fuortdaliks út te kiperjen.
Wintertijd staat gelijk aan inbraaktijd, ropt it mailtsje. Yn novimber oant en mei febrewaris hawwe de measte wenteynbraken plak. Om’t it langer tsjuster is hat it brutale bret, it rottige rosmos, it rap en rút, aardich mear gelegenheid jo hûs, jo fêste boarch, yn te slûpen. De statistiken lige net! Elke 12 minuten hat der yn de tsjustere wintermoannen in ynbraak plak. En no’t jo dat witte, wolle jo ek witte hoe ûnfeilich jo wenje. Dêr ha wy in ‘inbraakchecker‘ foar yn it libben roppen. Dy kin online ynfolle wurde, kostet jo neat en is boppedat frijbliuwend. No, hoe liket dat?
Ornaris swipe ik sokke mailtsjes fuort de fodkoer yn, mar ik waard no dochs wol wat nijsgjirrich.  As ik de mail oanklik, krij ik earst in koart filmke foarsetten fan in boef mei in bivakmûtse oer de holle, aaklike eagen en in baas koefoet yn ‘e hannen. Hy is dwaande in finster te forsearjen. Wat in klisjeemantsje, sis mar. Dêrnei moat ik online acht fragen beänderje. It kostet mar twa minuten om yn te foljen en dan wit ik fuort wêr’t ik oan ta bin. De earste fraach giet oer it type hûs dêr’t yn wenne wurdt: in flat, twa-ûnder-ien-kap, frijsteand, in appartemint of in hoekwente. Jo kinne it symboaltsje derfan oanklikke. Dan folgje der fragen oer de hichte dêr’t jo op wenje, ûnder op ‘e grûn of op hegere ferdjippingen. Is it in trochgeande dyk of in dearinnende wei wêr’t jo hûs oan boud is. Sitte jo ek op Facebook of Instagram? Oei! Wenje jo bûtenút of yn ‘e buorren? Ha jo noch in oare yngong as allinne de foardoar, en ek wichtich; is jo hûs fan foar of nei 2000? As jo dat, yn dy twa minuten, nei wierheid ynfolje krije jo yn in flits in read skerm. Sawat krekt-en-gelyk as by ‘Wie is de mol’ en mei grutte letters ‘HOOG RISICO’, útropteken. Dan ha jo fansels wol foar it snotsje dat jo hûs it dreamde paradys is foar it ynbrekkend ûnrant.
No wennen wy altyd yn ien fan de meast feilige gemeenten fan Nederlân mar nei’t wy opslokt binne troch ‘Grut Ljouwert’ is ús posysje yn it linker rychje oanmerklik keldere. Faaks binne wy der wol hielendal ûnderút sakke, ik ha it net opsocht. It hûs stiet lykwols noch op itselde plak en der hat noch nea in ynbrekker yn ús omkriten it weage om op eigen manneboet yn’e hûs te kommen. Itsij troch it klaprútsje itsij mei it barstende geweld fan in poepetange. Boppedat, in goocheme ynbrekker (as dy bestean) lit it wol en besykje by ús wat te heljen. Hy hat dan troch foarwurk en observaasje al lang sjoen dat der net folle te heljen is. Hy sil it wol litte.
Troch de, yn myn eagen singeliere, útkomst waard ik nijsgjirrich nei oare wensituaasjes. Mei oare wurden, ik woe wolris witte hoe’t ik wenje moast om gjin inkeld risiko te rinnen. No, dat foel ôfgryslik ôf…
Ik die yn in nije tsjeksessy krekt of hie ik in nagelnij appartemint, mei mar ien yngong op in hege ferdjipping yn it sintrum, sûnder Facebook of oare ‘social media’ en oan in drokke dyk. Baamm!, wer in read skerm mei heech risiko! Doe ha ik de yn myn eagen gefaarlikste yngrediïnten as input jûn, mar it risiko bleau like heech. Ik ha noch in moai oantal oare farianten en kombinaasjes besocht, mar ik koe net ien útkomst fine dy’t feilich wenjen oanjoech. As wy de risikotsjekker leauwe moatte, is der dus net ien wenning yn dit lân bestân tsjin ynbrekkers.
No’t de eangst siedde is, jout de mail fansels de mooglikheid om dêr wat oan te dwaan; ik kin kieze út mear ynfo oer de kosten of ynformaasje oer hoe’t de boel better befeilige wurde kin. As ik ien derfan kieze soe, moat ik dêrnei wol al myn NAW-gegevens ynfolje én it telefoannûmer én it emailadres, mar dat hiene se al. En noch krekt net it IBAN-nûmer. As jo dat wat frege wurdt ynfolje soene, bellet de feilichheidsklup jo ien kear op om jo eventuele fragen te beänderjen en om jo folslein te ynformearjen oer hoe no fierder. No, is dat wat?
No nee, net echt. En as ik dan yn de lytse letterkes ûnderoan de mail ek noch lês dat it berjocht fan ien of oar adres yn Sofia, Bulgarije ferstjoerd is, haw ik der ynienen noch folle minder fidúsje yn. Is dat raar?

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op