Giny Bastiaans

Hier

logo.ensafh

Hymjend plante de frou twa grutte tassen op ’e bank foar my en plofte der doe tuskenyn. Ik hie har wol draven sjoen op it perron, se koe noch krekt de trein helje foar’t de masinist op it fluitsje blies.
‘Hèh,’ pûste se, ‘ik sit.’
Se hie sa’n âlderwetsk trochskinend reinkapke oer it hier, dêr’t sa te sjen krolspjelden ûnder sieten. Krolspjelden? Bestiene dy noch? Fan dy rôze of blauwe stikelbarchjes, dêr’t je in tûfe hier omhinne draaiden, dêr’t dan wer in pin trochhinne moast om sitten te bliuwen. En dan foaral net te fier stekke, oars wie it ‘AU FERGEMY!’.
It kapke wie bedoeld om it hier drûch te hâlden, mar dit kapke wie oan de binnenkant wiet.
De frou seach my sjen. ‘Handich, hin?’ sei se. ‘De krollen broeie der sa sa moai as wat yn. En tsjin de tiid dat wy yn Grins oankomme, is it hier drûch. En ha ik wer gratis en foar niks de krol yn it hier.’
‘Jo ha noch fan dy stikelbaarch krolspjelden, sjoch ik,’ sei ik om ek wat te sizzen. ‘Dy ha ik der as famke ek wol yn hân. Mar dan om de krollen derút te heljen.’
Tsja, want krollen wiene net hip yn dy tiid, wy woene allegear fan dat Sandy Shaw of Liesbeth List hier, soksawat. Ik woe, lykas alle famkes yn dy tiid, steil hier ha datst dan sa moai achteleas nei achteren slingerje koest. En wy woene in hiel lange pony ha, mei mysterieuze eagen der heal ûnder ferskûle.
Oan de oare kant fan it paad siet in famke tsjin har mobyltsje oan te praten. Myn oerbuorfrou siet it wat oan te sjen. ‘Dy froulju ha hjoed-de-dei allegear datselde hier om ’e holle. En meast blond. Dy hockey froulju ek, en dy fuotbalfroulju, se sjogge der allegear itselde út. No ja, op in pear nei, mar dat binne wer oarsoarte froulju. Mar de measten ha fan dat flarde-hier.’
No ja, dat sil wol, tocht ik. Moasten sy witte.
‘En ek allegear dyselde wite tosken,’ gie se fierder.
Ik hold my stil. Sy hoegde net te witten dat ik juster ek fan dat bleeksel foar de tosken helle hie… Mar dat ik it net oandoarde om it te brûken, want witsto wat der allegear noch mear wyt wurdt?
‘Se lykje hjoed-de-dei allegear op dy Linda de Mol, fine jo ek net?’ flústere myn oerbuorfrou. ‘En moatst dy neils ris sjen. Hoe soe it no gean at se rúthimmelje moatte? Of bêd opmeitsje?’
‘Of sokken oanlûke, bôle smarre!’ Ik seach it foar my en begûn der aardichheid oan te krijen. ‘Húskehimmelje’, gniisgobbe ik, ‘Koekjes bakke. Dan kinst der moaie figuerkes yn meitsje mei dy neils. Strike. Wask ophingje.’
‘Eh juh,’ mûskoppe buorfrou, ‘Dat dogge dy jonge froulju net mear. Dy binne wer hiel handich yn oare dingen.’ Se nokkere wat. En ik seach har wat dommich oan.
Hup, dêr slingere ús buorfamke wer in blonde lok nei achteren. De tolfde kear, op syn minst, yn in heal oere. Diskear wat feniniger. Se begûn wat lûder yn har mobyl te roppen. ‘Nee hooπg, … dat doe je niet Tamaπa. Dat is gooπππ. Akwaπππd!’

‘En sa prate dy jonge froulju tsjintwurdich ek allegear,’ skodholle myn buorfrou. ‘Wêrom prate se sa? Wêr ha se dat leard? Sels myn lytse beppesizzer seit al ‘Steππe wil dπinken beppe. Ik ha wolris besocht ek mei sa’n R te praten,’ se rôle mei de eagen, ’Foar de spegel. Ik flibe mar wat. Nee, ik krij it de mûle net út. Soe dat ek komme omdat wy Frysk prate? Dat ús mûle dêr net nei stiet?’
Ik soe it net witte.
De trein stoppe. Stasjon Zuidhorn.
‘Oh,’ sei buorfrou,’by Zuidhorn is myn hier meastentiids wol drûch. As de trein aardich fol is teminsten. Oars moat ik wat langer wachtsje.’ Se fielde eefkes ûnder it reinkapke.
It hier wie drûch.
Se helle it kapke derôf. En helle foarsichtich, de eagen ticht, de earste stikelbaarch út it hier. It gie har sa te sjen net nei it sin. De eagen kamen iepen en se seach my oan. ‘Jo wolle my grif wol efkes helpe? Jo lykje my wol aardich handich ta. En jo ha it ek wolris by d’ ein hân, begryp ik.’
Ach ja, wêrom ek net, tocht ik. En helle ien foar ien de krolspjelden derút. Mei iepen mûle siet it frommeske oan de oare kant fan it paad nei ús te sjen.
Ik smiet ien foar ien de stikelbargen, pin dertroch, yn de pûde dy’t de frou my foarhold.
Klear.
Dat hie ik tocht.
Se helle sa’n rôze plastyk boarstel foar it ljocht en hold him foar myn noas. Der kaam ek noch in spegel út de tas. En jawis, ik ha har de boarstel troch it hier helle. ‘Ja, sa. En dy lok moat nei efteren. Sa, nee sá,’wiisde se.
Wy rieden stasjon Grins binnen.

‘Jo wurde bedankt,’sei se. Se struts de lok mei in knikje wer nei achteren, pakte de tassen op en strûsde nei de útgong.
Us buorfamke soe dy kant ek út. Mar doe bleau se ynienen stean en fiske wat fan ’e grûn. Se hold in rôze stikelbaarch mei de pin dertrochhinne tusken har lange neils.
De frou rûn yntusken al op it perron.
‘Ik dπaaf deπ wol efkes efteπoan,’ sei it fanke, ‘oaπs kπijt se alle kπollen net meaπ yn it hieπ.’

 

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op