Anne Feddema

Diel twa…Dangast?…Wêr leit dat?

logo.ensafh

Tsjin healwei tolven fyts ik Bunde binnen en hoe kin it ek oars?…krekt by de Aldi, Lidl, Combi en Rossmann (it werklike, hjoeddeistige 24-7 Wirtschaftswunder), werom brocht ta de kearn, kinne se de namme fan it plakje faaks better feroarje yn Alicomross of soks, want mear as in besite oan dy winkels, falt dêr net te belibjen neffens my.
Mar lêzers, dát is allegear prachtich en machtich mar ik haw gewoanwei gjin tiid om ho te hâlden, ik moat troch, meters en dan kilometers meitsje op myn Russyske rûlette fytske. Want ûndertusken is dochs wol dúdlik wurden dat der it ien en oar oan myn izeren hynderke mankearret. Ik soe eins in dei letter út Ljouwert wei, op tiisdei en dan moandei noch nei de fytsmakker foar grut ûnderhâld mar ja, simmer mei har eigen wetten en regels, yn july moandeis ticht. Ik bin dochs gongen en it giet goed…oant no ta, en sa fyts ik dus, yn ’e wittenskip dy’t net fier wei is: as it mis giet dan is it klear…foar salang’t it duorret fansels, want je moatte posityf bliuwe. Ik flean troch Weener en it East-Fryske lân, sa fertroud en dochs oars. HOE DAN EK?

Om ien oere krekt stean ik by de baalje fan Hotel Oberledinger Hof yn ’e Bremer Strasse en tikje op sa’n hotelklingelbeltsje. It hotel is earlik sein útsocht op har lizzing, ik moat in stik de Bremer Strasse del om de oare deis rjochting Logabirum te kommen en dan nei Firrel-Lengener Meer-Dangast –Varel. Hotelbêd en brochje binne poerbêst…oant wiedersjen en wer op ’en fytspaad. We fytse wat hurder no. De twadde dei, middeis healwei trijen meitsje ik dan kennis mei Dangast…Oh Myn God! Net bêst…Wát in ferskrikking! Drok,drok,drok…ien grutte kemping en kampearterrein, alteast, yn dit gefal treffend, it earste oankommen. It twadde nammers ék mar doe wie ik der op ynsteld. Mar no? earst in sliepplak. Myn fytstocht op ’e bonnefoai begjint my yn ’e wei te sitten. Gjin plak yn ’e herberch, nearne, alles fol. Undertusken is it in stik waarmer wurden…twaentritich graden en ik begjin no in bytsje te dwyljen. Mar dan in helder momint, ik moat nei it plakje Varel. Wer op ’e fyts en nei goed tweintich minuten fytsen, (it liket werklik oft ik yn ’e omkriten fan Holwert oan it fytsen bin) kom ik oan yn Varel en nim, nei in skoft omdangele te hawwen, myn yntrek yn Hotel, ja hear, Friesenhof.

Ek wer tige bêst en ta myn fernuvering, net sa prizich as dat it der útsjocht. De oare deis fyts ik werom nei Dangast, by de dyk lâns en ik sykje de fuotprinten fan ’e Dútske Ekspresjonisten, ik rin in stikje mei, fyn eat fan Dangast fan eartiids en dan tongersdeitemoarn wer werom, de hjitste dei fan ’e wike. Ik fyts rjochting Leer mei sânentritich graden en fiel op in stuit it stjoer net mear om’t ik gjin gefoel haw yn myn earms.

Mei grutte ynspanning kom ik noch krekt op myn sliepplak foar twa nachten. In pensioneftige wente by in, al behoarlik op leeftiid, echtpear. De frou hat de hiele dei de waskmasine oan en wasket mei gemien guod, sa docht bliken, ik lis yn myn simmernachtswit skomjend ûnder it dekbêd en doch de wask nochris oer. Yn elts gefal kom ik sneons rudich en mei in soad jokte wer yn Bad Nieuweschans oan. Om in kertier oer sânen sit ik yn ’e trein nei Grins en om in kertier oer njoggenen ryd ik op myn fyts fan stasjon Cammingabuorren ôf it Flyt oer nei hûs. Ik sil de hiele simmer fierder noch skomje fan ’e Dútske gemikaliën. As ik wer ris dy kant op sil dan fyts ik wol yn ’e iere hjerst en net yn in hjitteweach. Myn fyts is yntusken neisjoen, der moast in nij eftertsjil yn en noch wat saken oanpakt, dat hy kin der wer tsjinoan…no ik noch.

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op