Aginda 15-11-19: Presintaasje oersetting ‘De bruorren Liuwehert’

logo.ensafh

Op freedtejûn 15 novimber presintearret Utjouwerij Regaad syn nijste boek: Astrid Lindgren’s klassike berneboek De bruorren Liuwehert. It tiidleaze fantasyferhaal fan de wrâldferneamde Sweedske skriuwster, no yn in nagelnije Fryske oersetting fan Rymke Zijlstra en mei bysûndere yllustraasjes fan Kim Hunnersen.

De presintaasje fynt plak yn de Skierstins te Feanwâlden, mei in gastoptreden fan skriuwer Willem Schoorstra, dy’t yn it Frysk foardrage sil út de Aldnoarske Edda. Fantasyrike muzyk wurdt fersoarge troch de band Kapriol’! Fierder is de hiele Skierstins spesjaal foar dizze gelegenheid iepen foar besichtiging.

De doarren gean iepen om 19.45 oere, it programma set om 20.00 oere útein. De tagong is fergees, mar de organisaaasje freget jo wol om jo yn it foar oan te melden fia ynfo@regaad.nl û.f.f “oanmelding Liuwehert”.

Barren: boekpresintaasje De bruorren Liuwehert
Organisator: Utjouwerij Regaad (www.regaad.nl, ynfo@regaad.nl, 06-25427548)
Datum: freed 15 novimber 2019
Tiid 20:00-22:30 (ynrin: 19:45)
Plak: De Skierstins, Haadstrjitte 1 te Feanwâlden
Tagong: fergees (oanmelde ferplichte, fóar 12 novimber)

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op