Syds Wiersma

Thoor Ballylee

logo.ensafh

Syds Wiersma reizge ôfrûne simmer twa moannen troch Ierlân om dêr te wurkjen oan in nije dichtbondel. Hy krige dêrfoar in projektsubsydzje fan it Nederlands Letterenfonds. De nije bondel sil ein 2020 ferskine. Foar Ensafh skriuwt er in rige literêre reisferhalen oer syn skriuwerstocht.

Thoor Ballylee

Ast de spoaren fan de grutte Ierske dichter William Butler Yeats (1865-1939) folgest, hast ferskate opsjes. Kinst yn Dublin in jûntsje nei Abbey Theatre of nei de permaninte tentoanstelling oer Yeats yn de National Library. Kinst oan ’e noardwestkust fan Ierlân syn grêf besykje yn Drumcliff, County Sligo. As bern brocht er dêr de simmers troch by syn memmes laach. Kinst ek nei Thoor Ballylee, oan ’e súdgrins fan County Galway. Dêr komst miskien wol it tichtste by de dream fan de dichter en syn skeppingswrâld.

I pace upon the battlements and stare
on the foundations of a house, or where
Tree, like a sooty finger, starts from the earth;
And send imagination forth
Under the day’s declining beam, and call
Images and memories
From ruin or from ancient trees
For I would ask a question of them all.

The Tower (1928)

omslach The Tower

Ik nim bus 51 fan Galway nei Limerick. Fjirtich minuten letter stap ik út op it merkplein fan it stedsje Gort, de halte dy’t it tichtste by Thoor Ballylee leit. Yn de lytse waach is de Tourist Office. It fleizige gesicht fan de meiwurker teart optein iepen as ik him freegje hoe’t ik it gauste rinnende by de toer fan Yeats kom. It is in fraach dy’t er sichtber net faak kriget. ‘It is sawat trije en in heale myl,’ seit er. Hy wiist yn ’e rjochting fan it treinstasjon. ‘Dêrwei trochrinne nei Hennely’s Pub en dan linksôf de R380 op. Ast Gort útrinst, komst fansels in kear by it buordsje Yeats Tower. Hast linige skonken en bist derop klaaid. Foar dy in oere rinnen skat ik’, seit er. Ik betankje him en slút mei mysels in weddenskip ôf hoefolle fierder oft it dizze kear wêze sil. Ast de Ieren om in ôfstân fregest, blykt it meast twa kear sa fier as dat se seine. Bewiis fan in optimistysk aard? Of is it har twadde natuer om reizgers it bosk yn te stjoeren; in relikt fan in folk dat iuwenlang ûnderdrukt waard en de oerhearskers op alle mooglike wizen op ‘e doele brocht?

Ik keapje in ryk beleine sandwich by de Centra, nim in kop kofje by Hennely’s en set dan de sokken deryn oer de R380. De asfaltdyk is deprimearjend rjocht. Mar it útsicht op de Slieve Aughty Mountains yn it easten fergoedet in soad. Sa te sjen gjin showers op komst, al kin dat hjir gau oars. De earste twa kilometer rint der in trotwaar njonken de dyk. As dat ophâldt en it ferkear no en dan aaklik ticht by my del stoot, rin ik troch oant in ferbreding dêr’t auto’s gaadlik stopje kinne en stek de tomme omheech. By de fjirde auto is it rekke. In wyt bestelbuske. De man rydt nei it noarden. Hy wennet tichtby de grins mei Noard-Ierlân. Fan Thoor Ballylee hat er noch noait heard. De Ierske legacy is ûnbidich grut, kinst ûnmooglik alles witte. Yeats wie ferplichte kost op skoalle, seit de man. Hy hie it gedicht ‘Easter, 1916’ út ’e holle leare moatten. ‘A terrible beauty is born,’ deklamearret er. Hy hat in pear dagen by Lough Derg te rinnen west. Dat jout in bân. Ik fertel him dat ik dêr oardel wike lyn in pear dagen troch de heuvels by Mountshannon rûn haw, mei sublime útsichten op de mar mei syn eilantsjes. De man trapet him goed op ’e sturt. Mar nei fiif minuten noch gjin teken fan Yeats. Ha wy de ôfslach mist? Wy stopje by in pompstasjon en yn de Spar freegje ik oan de broadsjesmardersfrou oft se ek wit wêr’t de ôfslach nei Yeats Tower is. De earste links, seit se, en laket leaf. Nei in pear kilometer is dêr dan einlings it buordsje. Ik spring út it buske en betankje myn sjauffeur hertlik. Rinnende hie my dit minstens twa oeren koste, mei gefaar foar eigen libben. Fiif, seis myl skat ik. Weddenskip wûn.

In B-dykje slingeret nei ûnderen in lytse fallei yn. Reade beltsjeblommen bloeie yn de tichte hagewâlen. Ik snobje wat ripe toarnbeien. De lucht wurdt fochtiger. In rivierke streamt troch in sompich en boskich stik lân. Dit is it súdlikste part fan county Galway, mar it hat de sfear fan Clare sa’t ik dat de ôfrûne wiken kennen leard haw; oeral streamend wetter, troch heuveljend simmergrien; lûden dy’t fier en helder drage; yntym en stil, mei no en dan in wrinzgjend hynder of in fierste grutte trekker rauzend fan A nei B. Ik sjoch in ferlitten stâl, dan in boufal fan in hûs dat te keap stiet. Ik soe it keapje kinne. De boel opknappe en foar myn sosjale kontakten frijwilliger wurde yn it museumke by de Thoor. In B&B begjinne, Yeats út ‘e holle leare en foar gasten deklamearje. Dreame mei, want ik bin hjir yn de skoat fan Yeats syn eigen dreamen. Fan de toer lykwols noch gjin spoar. Ik rin al hast wer in healoere. Dan op in trijesprong in brúnwite weiwizer mei Thoor Ballylee. Ik bin der, mar ik sjoch neat oars as in oanfallige grutte filla fan natoerstien mei in heech laaistiennen dak. In grut wyt boerd achter it stiennen muorke om ’e tún warskôget my: ‘private property’. Oan ’e skytbrune feranda hinget in fel giel buordsje mei ‘CCTV in operation’. Dat hie wol wat literêrder kinnen, bygelyks: in eintsje fierder by Yeats is mear te heljen as by ús.

It dykje rint in bosk yn. In earste ynformaasjeboerd: The Yeats Golden Mile. Ik kin te kust en te keur, sjoch ik. Njonken de toer mei de beide cottages kin ik de âlde wettermole en it moolnershûs besjen. Der is ek in âld ringfort. Noch ien myl. Ik hear de Streamstown River al rûzjen, in stream dy’t de poëtyske geast fan in nobelpriiswinner loswreau en boppedat syn langst nei it okkulte oprôp, want in ein fierder ferfolget de rivier syn reis nei de oseaan ûndergrûns. As foar in femme fatale stean ik ynienen foar de midsiuwske toer. Oant de knibbels ta stiet er yn de stream. It flugge, wieljende wetter rint in meter ûnder it ûnderste finster fan de toer troch, mei syn iepensleine en skurve blaugriene lûken. ‘To go elsewhere is to leave beauty behind’, skriuwt Yeats op in moaie junydei yn 1922 yn in brief oan in freon. Hy genietet dan al fiif jier fan syn status as dichter-kastielhear.

Thoor Ballylee

Thoor Ballylee is ien fan de ferdigeningstuorren dy’t de anglo-normandyske famylje De Burgo (the Bourkes) bouden neidat hja Galway en omkriten healwei de trettjinde iuw feroveren. Nei de reformaasje bleaune de Bourkes katolyk, mar de Penal Laws fan de 17de en 18de iuw (strange wetjouwing tsjin it katolisisme, bedoeld om de mearderheid fan de Ierske befolking te twingen oer te gean nei de Church of Ireland) ferneatigen harren macht. Yn de 19de iuw kaam de toer fan Ballylee yn hannen fan de protestantske lânhear James Colgan. Hy ferpachte it gebou oan syn neef Patrick Spellman, baas fan it earmehûs yn Loughrea. Spellman boude in cottage tsjin de westkant fan de toer oan, wat it kompleks it oansicht jout fan in yn ’e beammen fêstrûne lokomotyf.

De Thoor leit fjouwer myl fan Coole Park, it bûtenferbliuw fan Lady Gregory. Yeats en the Lady wiene inoars bêste freonen; sibben yn ’e siel, sizze guon. Tegearre wurken se oan in kulturele revival fan de Iersk-keltyske tradysjes. Teäter, literatuer, muzyk, âlde ferteltradysjes, histoarysk ûndersyk; se pakten it allegear op en fuorren it oan in hongerich publyk. Yn 1904 rjochten se Abbey Theatre yn Dublin op, dêr’t se mei ferskate oare Ierske skriuwers toaniel foar begûnen te skriuwen. Yeats kaam geregeld by Lady Gregory op Coole Park. Sa ûntduts er de kastieltoer:

There is the old square castle, Ballylee, inhabited by a farmer and his wife, and a cottage where their daughter and their son-in-law live, and a little mill with an old miller, and old ash trees throwing green shadows upon a little river and great stepping-stones. I went there two or three times last year to talk to the miller about Biddy Early, a wise woman that lived in Clare some years ago, and about her saying ‘There is a cure for all evil between the two mill-wheels of Ballylee’, and to find out from him or another whether she meant the moss between the running waters or some other herb. (The Celtic Twilight, 1902)

Yn 1916 komt Ballylee te keap te stean. Nimmen hat ynteresse. Yeats grypt syn kâns en jout der £35 foar. Hy freget William A. Scott, arsjitektuerprofessor yn Dublin, om tekeningen foar de restauraasje te meitsjen en hy betellet pleatslike ambachtslju om mei it noadichste wurk útein te setten. Lady Gregory hâldt tafersjoch as Yeats sels net yn ’e buert is. Dat is geregeld it gefal. Hy wennet yn Londen, sit dy simmer yn Frankryk om de dochter fan syn eardere muze Maud Gonne in oansyk te dwaan, om ’e nocht, en reizget dêrnei nei Londen om George Hyde-Lees te freegjen syn frou te wurden. Se trouwe yn oktober. Yeats sjocht de Thoor as in houlikskado foar George. Folle mear hat er ek net yn te bringen. It komt der al gau op del dat de restauraasje fan de kastieltoer út it fermogen fan George betelle wurde moat.

Pas yn ’e simmer fan 1919 hâlde William en George foar it earst echt ta yn Thoor Ballylee en de cottages dernjonken. Syn ultime skriuwersdream komt út: wenje en dichtsje yn it hert fan it âlde Ierlân, mei al dy folksferhalen yn it ûnthâld fan de minsken. ‘I am writing at a great trestle table which George keeps covered with wild flowers,’ skriuwt er syn heit. Hy makket ek in koart gedicht foar op in stien njonken de foardoar:

I, the poet William Yeats,
With old mill boards and sea-green slates,
And smithy work from the Gort forge,
Restored this tower for my wife George.
And may these characters remain
When all is ruin once again.

Thoor en cottages

Yn ’e winter sitte se alwer yn Londen. Yn 1921 giet Yeats op toernee troch Amearika en letter dat jier keapje se in hûs yn Dublin en moat der ferhuze en ynrjochte wurde. Yntusken fjochtet Ierlân in grimmitige ûnôfhinklikheidsoarloch tsjin Ingelân út. Gjin tiden foar in ferneamd skriuwer om him werom te lûken yn in iensume toer. Ein 1921 wurdt de frede tekene en is Ierlân in Frijsteat, dat wol sizze in autonome steat bûten de UK mar binnen it Britse Ryk. Utsein seis counties yn Ulster, dy’t as Noard-Ierlân by de UK bliuwe.

De Noard-Ierske kwestje liedt yn ’e simmer fan 1922 ta in boargeroarloch tusken de foarriedige Ierske reagearing en de radikale tûke fan de IRA, dy’t los fan de Britske Kroan wol en mei net minder genoegen nimt as in feriene Ierlân. It is in smoarge oarloch, dy’t hast in jier duorret en desennia dêrnei yn pynlike groeden hingjen bliuwt. Yn dy eangstige simmer sit Yeats nei trije jier wer mei syn famylje yn syn kastieltoer en set er útein mei it skriuwen fan syn nije dichtbondel The Tower. De oarloch hat grutte ynfloed op syn moed en is oanwêzich yn syn brieven. Sa skriuwt er yn in fuotnoat ûnder in brief fan 9 augustus 1922 oan kollega-dichter en freon Herbert Palmer.

I would ask you to call and see me but I live in a medieval tower on the West of Ireland, beside a bridge that may be blown up any night; and it may be a long time before I am in London.

Der húsmannet ‘a great gloom’ yn him, skriuwt er yn A Prayer for my daughter.

Once more the storm is howling, and half hid
under this cradle-hood and coverlid
my child sleeps on. There is no obstacle
But Gregory’s wood and one bare hill
Whereby the haystack – and roof-levelling wind,
Bred on the Atlantic, can be stayed:
And for an hour I have walked and prayed
Because of the great gloom that is in my mind.

I have walked and prayed for this young child an hour
And heard the wind scream upon the tower,
And under the arches of the bridge, and scream
In the elms above the flooded stream;
Imagining in excited reverie
That the future years had come,
Dancing to a frenzied drum,
out of the murderous innocence of the sea.

(…)

The Thoor third floor

De driging fan ’e tiid sit miskien ek wol yn de namme ‘Thoor’, dy’t Yeats yn dizze jierren foar syn kastieltoer betinkt: ‘Thoor is Irish for tower (…) I think the harsh sound of “Thoor” amends the softness of the rest.’

Oan ’e ein fan de safolste ferskuorrende episoade út de Ierske skiednis – 1916/1923 – krijt Yeats de Nobelpriis foar Literatuer, ‘for his always inspired poetry, which in a highly artistic form gives expression to the spirit of a whole nation.’ Yn syn tankwurd pleatst er himsels útdruklik yn de gruttere beweging fan de Celtic Renaissance, in kulturele revolúsje dy’t it begjin waard fan de Ierske opstân tsjin Ingelân. Hy bewiereket Lady Gregory en lêst strofen foar út in fers dat er yn de boargeroarloch yn de Thoor skreau.

It aura fan Nobelpriiswinner makket Yeats in noch drokker beset man. It gesin komt hieltyd minder yn Ballylee. Nei 1928 is it hielendal foarby. Lady Gregory ferstjert yn 1932 en Yeats sels yn 1939. De Thoor wurdt weromjûn oan de natoer, sa’t Yeats dat al foarsei yn de dichtrigels njonken de foardoar: ‘When all is ruin once again.’ Virginia Moore, dy’t letter ûndersyk die nei de mystyk yn Yeats syn poëzy, besocht de Thoor yn 1952:

Today the Norman tower at Ballylee is a barn for cattle and a rallying place for crows. (“That’s the way we found it,” said Mrs. Yeats when I reported the condition. “It’s come full cycle.”)

Net elk is by steat om sa frij om te gean mei literêr erfgoed. Yn 1961 wurdt de Kiltartan Society oprjochte, in groep dy’t him foarnimt it literêre ferline fan Coole Park en omkriten út ’e sompe te rêden. Mei tastimming fan de famylje Yeats wurdt de Thoor mei de cottages restaurearre en yn 1965, Yeats syn hûndertste bertejier, iepensteld foar it publyk.

Op it stuit binne der twa moaie útstallings oer twa wichtige eleminten yn Yeats syn wurk: ‘Yeats en syn muzen’ en ‘Yeats en it Westen’. It doel fan myn besite is lykwols net museaal. As in geast dwaal ik oer de fjouwer ‘flierren’ fan de Thoor en slûp ik oer it glêd ôfsliten, stiennen winteltrepke dat de ferdjippings ferbynt en dat boud is yn de sân foet dikke bûtenmuorre fan de toer. It is in frjemde sensaasje. As rin ik troch in foarportaal fan de poëzy; as kin men de ynspiraasje bestappe, betaaste, berûke, beharkje, foardat it Yeats syn wurden fynt. De rivier wielet justjes ûnder my, wylst ik ûnder yn ’e ytkeamer op ien fan Yeats syn houten Sligo stuollen foar it iepen rút sit en it wetter weisjitten sjoch nei syn ûndergrûnse slûpwei nei de oseaan. It heimsinnige ljocht dat op ’e tredde ferdjipping yn de ‘strangers room’ hinget en it lêste eintsje trep nei ‘the battlements’. As klim ik troch in koker nei frij libben. Boppe-op de toer sjoch ik de laaiblauwe bergen fan The Burren as stjurre weagen hohâlden foar de tiid. Ik soe even fjoer meitsje wolle yn ’e hurdshoeke fan ’e sliepkeamer of springe wolle op it grutte houten, twapersoansbêd dêr’t al dy muzen oan ’t geien binne.

Sligo chair

Ik set de slûzen yn myn holle iepen foar wurden, ferbyn se en tink, is dit no sa’n place of resurrection, dêr’t mystyk Ierlân fol fan sitte soe? Ik bin de iennige besiker. Ik gean nochris sitten op ’e stoel foar it rút. Uteinlik skriuw ik yn it gasteboek:

All the fleeting sounds of water
I heard in County Clare
They flow together, love her
On Yeats his Ballylee stair
Me sitting in his Sligo chair

Werom yn de ûntfangstromte fan it museum, de ferboude cottage, baarnt it hurdfjoer. De balymeiwurker set kofje foar my en smart roastere krintebôle. ‘All inclusive,’ seit er. As ik fertel dat ik fan doel bin om binnentroch nei Gort te rinnen en de R380 net mear sjen wol, pakt er de kaart derby. ‘Falt ta,’ seit er, ‘fjouwer myl, in moaie kuierrûte mei it lêste part by in rivierke lâns.’ Dêrnei smart er in ekstra stik krintebôle. ‘You need good energy.’

Thoor en brêge

2
Reageer op dit artikel

avatar
2 Comment threads
0 Thread replies
0 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
2 Comment authors
Syds WiersmaNiek Recent comment authors
  Subscribe  
Abonneren op
Niek
Gast
Niek

Mooi verhaal. Ben benieuwd naar je “Ierse” gedichten.

Syds Wiersma
Gast
Syds Wiersma

Ha Niek, dankewol. Bin drok dwaande mei de ‘Ierske’ gedichten. Sil ynkoarten ris wat foar Ensafh ynstjoere.