Lomme Schokker

In spegel yn wiis bestel

logo.ensafh

It lân leit licht en ik ha de honger yn de hals. Wat is wichtich en wêrom, Aggy? Wat bestindich en foar hoe lang? Moat ik úteinlik alles sels útsykje, of mei ik dy dêr nei freegje? Antwurden, oanwizingen, goede leave treast! Ik bring dit te praat, want wat is makliker as jûns let by dy te bycht gean? Do antwurdest teminsten, yn dyn skriuweraasjes by de iterspannen. Do hast dizze wei al earder berûn, of net dan? Ik ken dy net, dochs bin ik dy wyswurden, mei de ûntdekking fan wurden út dyn romme wrâld. Mar wat doarmje wy yn de mist net, wy beide tegearre allinnich. Sa’t wy binne, sa moatte wy, do dêr en ik hjir. Want wat kin ik oars, as trochsykje nei it soarte besef dat my ferlichtsjen jout? Inkeld in tûkje wiisheid, Aggy – mei ik Aggy sizze? –, inkeld wat mear fan dyn literêre bekommernis. Spekjes foar myn sielerêst.

Yn myn jongeskeamer, myn ôfsûndering op souder, dêr’t it my tusken de dôfpotten en foar myn boeken oer it minste jaget, lês ik yn de Spegel fan de Fryske Poëzy oer it sliepende bist. Dat bin ik, mei gjin lekkerbekje yn de bek, mei foar de alderlêste kear de hage knipt en de hjerstblêden oanharke en mei de frou har roazestrûken snoeid. Ik bin in man, ien dy’t te bot snoeit, mar no lis ik sneuvele ûnder tekkens fan traachheid. In sliepend bist, sa lis ik weirekke yn de jachtsfearen fan myn besieling. Ik boartsje mei fjoer, ik wit it Aggy, mar ik kin no eefkes net oars. Fan wjerskanten skynt it ynfraread fan ynkwisiteurs yn pake syn pakhûs. Goede leave treast, sjong my dochs dat ferske fan doetiids, fan pykje út it aai.

Sidebyhonk. Weromfine en weromkomme. Tobbelje as it der Spaansk by trochgiet. Ik bin de iennige. De oare bestiet net, net yn my. De oare, op dit stuit, dat bisto in bytsje. In spegel yn wiis bestel, fleurich op de tried. Ik lês dy, ik yt dy op en fertar dyn wiere wurden. Wit: dyn krytsjen hat, oant myn weitriuwen ta, my dagenlang fertuten dien.

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op