Duo von Däniken

Rekonstruksje Deensk/Frysk offerritueel

logo.ensafh

Klik hjir foar de muzyk.

Yn it ramt dan de útstalling Wij Vikingen yn it Frysk Museum te Ljouwert hawwe dr. Ase Kundgard fan de universiteit fan Aarhus en dr. Rabyang Drupa fan de universiteit fan Lhasa, Tibet, in muzikale rekonstruksje makke fan in Deensk/Frysk offerritueel út de sechde of sânde iuw. It projekt stie ûnder superfyzje fan drs. Taco Brandsma fan de RUG te Grins.

De rekonstruksje is makke nei oanlieding fan de ferbjusterjende argeologyske fynsten dy’t yn 2015 by it Deenske Omkjeld dien binne. De resultaten fan dy fynsten binne earst ferline wike bekendmakke. It docht bliken dat de Denen en Friezen folle mear kontakten hân hawwe mei benammen it Tibetaanske folk as dat bekend wie. Foar fierdere details ferwize wy jo nei it meikoarten te ferskinen boek Vikingen, Friezen en Tibetanen fan dr. Brandsma, dy’t op dit ûnderwerp promovearje sil.

Der is gebrûk makke fan histoaryske, orizjinele muzykynstruminten, en foar it minske-offer hat it akademyske tiim in anonym persoan mei in foltôge libben ree fûn om mei te wurkjen.

De redaksje is tige fergulde mei dizze primeur en tanket it Frysk Museum en de hearen Brandsma, Kundgard en Drupa foar de treflike gearwurking.

 

Klik hjir foar de muzyk.

 

 

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op