Klaas Rusticus

Hoe’t Nederlân út Europa ferdwûn

logo.ensafh

Vladík Shibanov (*21-12-1990 –☨20-10-2009) ta oantinken

Ryksregint en brykholle Langneck, hy dy’t út namme fan it Keninkryk hearske oer rjocht en gerjochtichheid, line ûntspannen efteroer.
‘Pi, pa, poa’, sa spriek er, wylst er syn steatssiktaris foldien oanseach, ‘sa giet dat al in lyts bytsje oars as doedestiids. Hjirmei litte wy Akela Sousafoan mei de altfioele al eefkes in oar fleuchje wimperje. Lês it nochris foar, sûch, ast wolst.’
Steatssiktaris Rosier Petticoat krige it papier fan de grûn op en lies: ‘… stelle hjirby út: dy persoanen te bestraffen mei in frijheidsstraf fan op ’en heechsten trije jier, subs. in jildboete fan op ’en heechsten € 150.000, subs. in wurkstraf fan op ’en heechsten 5000 oeren, dy’t har op ûnearbere wize fergrepen hawwe oan jeugdige lânslju yn de âldens ûnder de sechtjin jier, of ek de liiflike oanwêzigens fan dizze jeugdige lânslju oangrepen hawwe, benut en misbrûkt om harren fisueel, cq. audityf fêst te lizzen op byld- en ek lûddrager, dit mei de opset de sichtbere en ûntbleate liiflikheid fan dizze jeugdige lânslju te brûken foar saaklik gewin en eigen belang; … stelle teffens út: dy persoanen te bestraffen mei in frijheidsstraf fan op ’en heechsten twa jier, subs. in jildboete fan op ’en heechsten € 110.000, subs. in wurkstraf fan op ’en heechsten 3000 oeren, dy’t jeugdige lânslju yn de âldens ûnder de sechtjin jier folgje mei harren blik, op de iepenbiere dyk, yn iepenbiere gebouwen, yn ’e loft en op it wetter en ek yn tunnels en by it iepenbier ferfier en ek yn dieretunen, swimbaden, sportfjilden, pretparken en oare ynrjochtings dy’t yn it libben roppen binne ta it nut fan it algemien; … stelle teffens út: dy persoanen dy’t harren skuldich makke hawwe oan ien fan de hjirboppe beskreaune ferrjochtings, en ek hannelings, de tagong te ûntsizzen ta skoallen, berne- en oarsoartige opheintehuzen, blokhutten, bernesikehuzen en yn algemiene sikehuzen de berne-ôfdielings dêrfan, bernebadhuzen, ferienigingsgebouwen, boarterstunen, swimbaden, sportfjilden, pretparken en oare ynrjochtings dy’t (mei) yn it libben roppen binne om jongerein yn de âldens ûnder de sechtjin jier te fermeitsjen, op te fieden, ûnderwiis oan te bieden en ek ûntwikkeling op it artistike, sportive, agrikulturele, spirituele, religieuze, matematyske, geografyske, daktyloskopyske, metafysyske, malisieuse, dodekafonyske mêd en op it mêd fan ’e sûnens; harren de tagong te ûntsizzen ta, en ek de mooglikheid wurksum te wêzen yn de sektor dy’t him dwaande hâldt mei op likefolle hokker ûntwikkeling fan de jeugd yn it algemien.’
Ryksregint en brykholle Langneck glimke. Hy digere djip yn de eagen fan it neat fermoedzjend folk, priemke de wiisfinger boarjend yn de rjochting fan in tinkbyldige kamera en spriek: ‘Pi, pa, poa, dat is net neat dronkelappen, eamelneukers en berneskeiners. Dat sil jimme wol eefkes fan in sljochte reis en wat al net mear ôfhâlde. Tanke, sûch.’
It útstel ta wet ûnderfûn net folle tsjinstân yn it Hûs fan Offurdigen.
De lytse Kristlike partij SGP en ek de PVV tsjinnen in amendemint yn, dat moat al sein wurde, in amendemint dat der foar soargje moast, en der ek ta bydrage moatte soe dat: ‘… dy persoanen bestraft wurde koene mei in frijheidsstraf fan op ’en heechsten twa en in heal jier, subs. in jildboete fan op ’en heechsten € 102.350, subs. in wurkstraf fan op ’en heechsten 2250 oeren, dy’t harren skuldich meitsje oan it oanreitsjen fan eigendommen, as ek lien- en kleanstikken fan jeugdige lânslju yn de âldens ûnder de sechtjin jier, lykas boeketassen, húswurk, walkmen, sportskuon, rollerskates, holle- en smarttillefoanapparaten, kopdeksels, wanten, stripferhalen en fytsen, en dan it leafst de bagaazjedragers dêrfan.’
Mar dit amendemint waard ûnder húnjend laitsjen troch in oergrutte mearderheid fan it Hûs nei de fodkoer ferwiisd.
Mei allinnich de stimme fan D66-er Aleksandr Pokus tsjin en ûnthâlding fan de mearderheid fan de leden fan ’e Grienen en de Sosjalistyske Partij waard it útstel ta wet oannommen.
De dei dat dizze wet, bekend as ‘it Bernewetsje Langneck 2031’, offisjeel fan krêft waard, wie in swarte dei foar it ûnderwiis yn it Keninkryk fan de Nederlannen: it hold op te bestean. Fan de Foarskoalske Stúdzjegongen lykas de Analfabetyske Akademy oant it Tariedend Wittenskiplik Underwiis waarden de learlingen foargoed nei hûs ta stjoerd, de gebouwen sletten. Dat jilde ek foar sawol Grut en Lyts Seminaarjes as kleasterskoallen, fraterniteiten en materniteiten en oare stúdzje-ynrjochtings op religieuze grûnslach.
Ek kamen dy deis de aktiviteiten ta in ein binnen de Paadfinerij (Scouting), muzyk- en dûnsynstituten, jeugdprostitúsjesintrums, ferkearstunen, swimbaden, kategisaasjegroepen, berne- en jeugdkoaren, en ek junioarefuotbalklups en oare junioaresport-klups, jeugdreis- en oare ferieningen mei in ridlik oant grut tal fan bern en teeners yn harren bestân, sneinsskoallen, ophein-, wees- en oare tehuzen, jeugd-fakânsjekampen, en ek bernesikehuzen en fan de algemiene sikehuzen de berne-ôfdielings dêrfan.
Bleauwen de earste twa jier sawol ynstituten foar fuortset fakûnderwiis as foar hegere edukaasje lykas universiteiten, akadeemjes, konservatoariums en oare hegeskoallen noch iepen en foarearst frijwarre fan leechrin, ringen moasten ek dy ynstituten de doarren slute by brek oan ynstream fan nije studinten.
Trije jier nei’t de nije wet fan krêft wurden wie, koe, as ultym resultaat fan de strangens wêrmei’t op it neilibjen dêrfan tasjoen waard, de gesinsstruktuer (heit, mem, bern) amper mear sinjalearre wurde.
Op in hjerstige jûn yn it jier 2043 skreau in Aleksandr Pokus (D66) op jierren as lêste in brief nei it Haadbestjoer fan de Europeeske Uny, doedestiids fêstige yn Minsk, dêr’t er offisjeel melding makke fan de ein en de definitive opheffing fan it Keninkryk fan de Nederlannen, it lytse lantsje oan de see.

Tuskenskrift
Nei wiidweidige oerwagings, lang oerlis, it hifkjen fan de foars en de tsjins, en yntrinsyk rieplachtsjen fan in tal wittenskippers mei in bêste namme, hat it Bestjoer fan de Ynternasjonale Stifting ta Behâld fan it Bern besletten de redaksjes fan de provinsjale deiblêden te fersykjen oer te gean ta it publyk meitsjen fan in nammelist fan yn Nederlân wenjende heteroseksuelen, mei of sûnder strafblêd.
Mochten der foto’s fan dizze persoanen foarhannen wêze, dan sil fersocht wurde dy te pleatsen, en wannear net foarriedich oan de hân fan gegevens fotokomposysjes gear te stallen, foar safier mooglik.
Ek de publikaasje fan adreslisten sil yn oerwaging jûn wurde.
(ANP -16.07.2044)

Neiskrift
Út swakke sinjalen dy’t opfongen binne fan de satellyt New Aztekyª soe bliken dwaan dat der mooglik noch libben is yn it eardere Nederlân (former Neth•), en wol yn it gebiet dat eartiids bekend stie ûnder de namme ‘De Biesbosch’.
De sinjalen jouwe de yndruk dat dêr in stikmannich bern libje. Hoe’t dy dêr kommen binne is ûndúdlik en in riedsel omreden dat yn it eardere keninkryk troch nimmen mear in foet setten is. Der skynt in berjocht rûn te gean dat gewach makket fan it ferbod foar folwoeksenen om op it terrein te kommen. Boppedat skynt der tusken de bern ûnderinoar in ôfspraak te bestean net âlder te wurden. Likemin wolle hja stjonke nei sipel, bok, sâlte hjerring, algen en/of Stilton-tsiis.
Yn de berjochten is it sizzen dat se, om yn libben te bliuwen en dizze eliksiryske tastân duorje te litten, it farske daai fan nijberne brea ite en harren laavje oan it sop fan wylde Aronstsjelken.
De lêste sinjalen binne lykwols sa súntsjes dat der gjin inkelde garânsje jûn wurde kin foar de krektens derfan. Om’t it gebiet fan it eardere Nederlân (former Neth•) sûnt 2033 foar nimmen mear tagonklik is, bestiet der ek gjin oare mooglikheid de berjochten te ferifiearjen.
(RPR -Minsk -04.11.2067)

En dan noch in lêste berjocht: saniis is bekend wurden dat de konsintraasje radio-aktiviteit by de kearnsintrale fan Sellafield allike heech is as dy by de sintrale fan Tsjernobyl. It ûnderskied is lykwols dat der binnen in straal fan 11 kilometer om Sellafield hinne minsken wenje en dat wenjen binnen in straal fan 30 kilometer om Tsjernobyl hinne ferbean is.
Sellafield hjitte eartiids Windscale. Nei hurde aksjes fan û.o. Greenpeace besleat it regear fan it Feriene Keninkryk de sintrale te sluten.
Windscale waard sletten en Sellafield waard iepene: der feroare neat.
(út: the Guardian, 18 april 2007, oerset en bewurke troch Japke Zandvliet-Huys)

(skreaun nei oanlieding fan de prosessen tsjin Azov-films, Toronto, plm. 2012)

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op