Geart Tigchelaar

Ferslach bekendmakking Nije Dichter fan Fryslân Nyk de Vries

logo.ensafh

 

Foar fjouwer oere lei it Aldehoustertsjerkhôf der noch kalm en bedaard by.

Foto’s en teksten Geart Tigchelaar

 

 

De op dat stuit noch net beneamde nije Dichter fan Fryslân wakker oan it tarieden.

Deputearre Sietske Poepjes betanke Eeltsje foar twa produktive jierren en joech him it earste eksimplaar fan de Dichter fan Fryslân-bylage dy’t hjoed ek yn de LC en it FD ferskynd is.

Eeltsje Hettinga lies twa fersen foar en hold in koarte ôfskiedsrede.

Sjueryfoarsitter Job Degenaar lies in soarte fan sjueryrapport foar.

Nyk de Vries wie wakker ynnommen mei de beneaming en sei dat er it dichterskip oan syn frou opdraacht.

De Vries hie foar dizze gelegenheid apart in kolbert meinommen om him eat opspjeldzje te litten troch de deputearre.

Dichter en rapper Jan-Willem Poelma woe hawwe dat poëzy elkenien berikt.

It wie broeierich fol yn ’e Stedskas.

De Vries wie der grif net op selektearre, mar moves hat er wol.

In pree wie wol dat de nije Dichter fan Fryslân muzikaal is, dan sit men by De Vries wol goed.

It katern oer it twa jier dichterskip fan Eeltsje Hettinga sa’t dat hjoed yn de LC en FD ferskynd is en ek fergees yn boekhannels te krijen is.

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op