Marcel Plaatsman

Mei de boat

logo.ensafh

Neffens ús soantsje gean ik altyd mei de boat nei myn wurk. Dat is net hielendal wier, mar foar ien fan twa en in heal jier âld hat er it noch net sa min sjoen. Eins wurkje ik thús – ik skriuw, dat is myn wurk. It komt dochs gauris sa út, dat ik foar wurk nei Tessel moat en fansels gean ik dan mei de boat. Dizze moanne wie it oars, ik siet wol op in boat, mar dat wie de boat nei It Amelân. Mar jawis, in boat – dat myn soantsje hie net minder gelyk.

Op It Amelân haw ik noch in wurdsje Frysk sprutsen, mar oars haw ik foaral Tesselsk praat, dat liket genôch op Amelânsk om dêr ferstien te wurden. Allinnich wiene it net inkeld Amelanners dêr’t ik mei prate, ik moete ek lju fan Skiermûntseach en fan Skylge. Ik wie dêr om’t ik oan in boek oer it Tesselsk wurkje. Foar it Wadden Vertel Festival, dat op it eilân organisearre waard, hiene de Amelanners dialektpraters fan de oare eilannen útnûge en dêrom kaam ik dêr mei in groepke Tesselders hinne; dêrom koe ik dêr nei ferhalen yn it Skiermûntseagersk en yn it Aastersk harkje.
De Waaddialekten binne yn in wrâld fan taal fansels mar in lyts skuorke, dêr’t no sa’n hurde wyn oer waait dat der meast net folle mear fan oer bliuwt. Amelânsk wurdt noch troch guon Amelanners praat, Tesselsk foaral troch de âlderein. Aastersk en Skiermûntseagersk binne sels sa lyts no, dat gewoan it prate dêrfan ien al in bytsje kultureel makket. De lju beskôgje it ek as in soartemint teäter, bin ik bang, en sa sil it mei myn Tesselsk ek noch ris ôfrinne. Ik jou al foarstellings, dy’t fan Tesselse Taalpraatjes hjitte. Ik bin ien fan de jongste praters. Dêrom skriuw ik dat boek ek, fansels, ik haw hjir yn myn kollums foar Ensafh al earder sein dat myn wurk eins in útfeart is, myn lêste earbetoan oan de taal fan myn famylje. Mei de boat.

Sa’n earbetoan woe Jo Smit oan syn Meslânzersk ek jaan. De foarsichtige Fryske skriuwer hie net it Frysk, mar it Meslânzersk as memmetaal en dat is, krekt as Amelânsk, ek sa’n Waaddialekt dat in protte op Tesselsk liket (it jildt sels as it meast oan Tesselsk besibbe dialekt fan Fryslân). Meslânzersk wie op It Amelân net te hearren, spitigernôch, de praatster fan Skylge koe wol Aastersk en mei muoite in bytsje Westersk, mar de taal fan Meslân is wol sa oars, dat hja prate it net en imiteare koe se it ek net. Soks lit ek mar wer sjen hoe grut de fariaasje op dy eilannen wol is.
Gjin Meslânzersk, dus, mar oan Jo Smit haw ik dat wykein gauris tocht. Hy is der net mear, syn taal – faaks oars as er sels ferwachte hie – is der noch wol. Der sil sels gau in wurdboek fan komme, wat moai is: dan hawwe alle libbene Waaddialekten har wurdboek. As myn wurk dien is, sille de dialekten der ek noch in boek by ha dat se mei-inoar fergeliket; it Tesselsk hat dan syn grammatika sels. De wyn waait, mar yn it sân wurdt dochs wolris wat skreaun dat oerbliuwt as de Waaddialekten ferdwine.
Jo Smit skreau yn syn Meslânzersk in protte gedichten. Ek hat er oersettings makke fan grutte literatuer. Dochs is er foaral in Frysk skriuwer. Eins is dat mar nuver, syn taal jildt as in Hollânsk dialekt; Frysk wie foar Smit in twadde taal, gjin memmetaal. Foar my is dat wol minder nuver as foar oare lju, ik skriuw dochs ek yn it Frysk sûnder dat it myn memmetaal is – Smit en ik hawwe, mei ús dialekten, sa’n bytsje deselde ôfstân ta it Frysk. Sa kinne dy eilântalen dochs ferbine, der is net allinnich isolemint, der is samar ek dy ferbining, sels tusken Hollânsk en Frysk.

Dêr kaam my ek ús soantsje wer yn ’e holle. Wurkje mei de boat – dat betsjut eins: skriuwe mei de boat. Oer it wetter, oer taalgrinzen hinne, skriuwt syn heit. Sels as ik hjir no yn Alkmar njonken him sit (hy smyt mei Duplo, dat ik sit net hielendal feilich, mar bin wol gewoan thús), sels dan hat er gelyk: ik bin mei de boat. It âlde fear fan Inkhuzen nei Starum sit noch yn myn kompjûter, yn myn holle, yn myn hannen as ik skriuw. En sa moat ik ek. Krekt troch dat âlde ferskaat fan Waadtalen by ús te hâlden, kinne wy oer it wetter. Op dy âlde taal driuwt de nije.

Alkmar, novimber 2019

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op