Jacobus Q. Smink

20 ier de pisang

logo.ensafh

om de skeinde fankes ferhingj’ dy rock’n jagger
jawisse oan de heechste beam fan de sinne
boppe sranaan; de leffert mei om de leave
dinkjes de dea yn en om in soad oare

fan efter f’rneukte prachtwiven foar ivich
nei de jachtfjilden tsjen en as in sloppe
lulhannes ende dwul oan de koade bingelj’…
ommers, fertsjinn’ is fertsjinn’…

dat er, om dy leidige famkes net fret!
net lang’r as in pear dagen cq. nachten
fan de trôg’n fan pa-ra-ma-ri-bo-city
en nea wer yn syn roy rolls oer de

ferneamde brêge fan de su-ri-na-me-ri-fier glydt;
wat in spulbrekker is dy waardeloaze kwast!
waskj’ syn lykhimke mar, want no wol er
de divel noch mei ‘n glim te slim: no no, nee!

wat wiene se eang ende bang foar de blanke
sabel fan it goarilla kudtboutersepleb dy’t
as neonazy dy skoandere wyfkes folspuite
mei syn roede dy’t it geile fertier net sparre

ende yn folle ovaasjes bylâns it tintseil syn sie
yn de fruchtb’re lyfkes jage ûnder brûnstich
gegûl en boute útgjalpen lytskes oanmakke
en gauwense bernesoldaatsjes har yn de frêle

nekken gnyske: wer in bouterke op ierde yn
pine en seare befallingen mei spyt fan komsa
wat in naarling is dy desi, wat in selsbeflekte
en yn else spleet stuts er syn pisang en no is er de

Jim LA Dream

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op