Aginda 08-02-20 : GRUTTE GEDICHTEJÛN ENSAFH YN DRACHTEN

logo.ensafh

Frysk literêr tydskrift Ensafh organisearret wer syn jierlikse Grutte Gedichtejûn. Ditkear wer yn Kafee Marktzicht yn Drachten en wer op 8 febrewaris, mar yn 2020 falt dat op in saterdei. Alle dichters en foarlêzers, ryp en grien, binne wolkom. It makket net út yn hokker taal oft de gedichten skreaun binne, dat jildt ek foar streek- en oare minderheidstalen.

De dichters wurdt fersocht om ien fers foar te lêzen en net al te lange ynliedingen te hâlden, soks yn ferbân mei de beheinde tiid. Wa’t in gedicht fan har of syn favorite dichter foarlêze wol, hoecht net sels ek dichter te wêzen.

Dichters en foarlêzers krije as tsjinprestaasje in konsumpsje en in útjefte fan Hispel. Mei’t ús it Grinzer kleurke ferline jier goed foldien hat, sil Marlene Bakker tusken de foardrachten troch spylje.

Wêr? Kafee Marktzicht, Aldewei 14, 9203 AG Drachten
Wannear? 8 febrewaris 2020
Hoe let? Tusken 20.00 en 24.00 oere

Yntree fergees

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op