Anne Feddema

Folslein stikken – Verblendung schlechthin

logo.ensafh

Dútske hardershûnen fleane om ’e Flixbus hinne, byljend en hymjend. It is oerdei, alsa gjin strikende bondels sykljocht diskear. Ik begjin myn ferhaal mar mei in optochte hyperboal, je binne skriuwer of je binne it net, no? Couleur locale sille we mar sizze, dan wurdt de skilder yn my ek net oerslein.
Dat ik sa begjin is de skuld fan Horst Seehofer, de federale Dútske minister fan ynlânske (dan klinkt it noch in bytsje fierder fuort) saken. Yn july fan dit jier wie Ibrahim Miri, de lieder fan in Bremer drugsbende, deportearre nei Libanon, mar yn oktober al wer yn Dútslân oankaam. En de man hie ek gewoanwei asyl oanfrege. In blamaazje foar de Dútske rjochterlike macht, fan hjir oant Jemgum en, ik doch net dreech, Bingum ék. Mei as gefolch: strange grinskontrôles. Woansdei 20 novimber gong ik mei de Flixbus nei Oldenburg. Ut Ljouwert wei giet der no alle dagen in bus de kanten fan Oldenburch, Bremen, Hamburch op én jûchhei net té djoer. In meter oer de grins by Bad Neuschanz, bus fan ’e dyk dirigearre en jawoljawohl…Ihre Papiere, bitte. Trije kertier opûnthâld. It risseltaat? Twa minsken út ’e bus helle, waans Papiere bitte, nét yn oarder wienen of dy’t se net hienen. Ien persoan kaam wer werom, de oare persoan, in man mei in kofferke op tsjiltsjes, seach ik, ûnder begelieding fan twa plysjes, in gebouke yn ferdwinen. En dêr gongen we wer, troch in tsjokke, stege dize, neat oars te sjen as sa no en dan, in pear iensume bjirkjes, fyn ik genôch nammers, sá moai. Yn Oldenburch sit ‘Der Schwan’ oan it rivierke de Hunte (189 km lang), dat útkomt yn ’e Weser. Dêr hawwe se mear as treflik middeisiten, rinnend buffet, satt essen für nur 7,70 euro…mmmm…én lekker!! Mar dêr sil ik it mar net oer hawwe…Fryske Boergonjers…wat moatte je dermei? As neigesetsje gau nei de trije musea, dy’t byelkoar hearre, it Schloss Oldenburg, it Prinzenpalais en it Augusteum. Ik kaam benammen foar de útstalling fan ’e ûnbekende ekspresjonist Fritz Fuhrken, yn it Prinzenpalais. Fuhrken (1894-1943), in keunstner berne yn Nadorst, Oldenburch en ferstoarn yn Frankryk, folslein kapotmakke troch al it geweld en de ellinde fan twa wrâldoarloggen dêr’t er by belutsen wie as soldaat, en de jacht op keunstners yn it Tredde Ryk dy’t gjin keunst makken ‘foar it folk’. ‘Verblendung schlechthin’…stiet der as begeliedende tekst op in boerd by de lytse tentoanstelling, it lêste stikje tekst dat er opskreaun hat yn syn deiboek yn july 1943…it bêste, neffens my, om oer te setten as…folslein stikken, gewoanwei kapot, de ein, exit, op!
In pear dagen letter hat er himsels dan ek tekoartdien. It binne haadsaaklik akwarellen dy’t der hingje, in oantal wurken sjocht der út as oft se sa fan ’e tekentafel út ’e Disneystudio’s komme, it lykje perfekte eftergrûnblêden foar sênes út Fantasia (1940) In soad Prusysk Blau om yn te ferdwinen hast. Ik bin my op dat stuit hiel bewust watfoar keunstner en minske ik sels bin. Frij om te dwaan en te litten wat ik wol. En al liket it no net sa, it kin sa mar ris oars wurde. Bûten it Prinzenpalais wachtet in dizetekken op my, ik moat noch nei de tentoanstelling yn it Augusteum: Götter und Helden, Mytologyske skilderkeunst út ’e Barok en hjoed-de-dei (1 skilder en 99% net bêst) as Dútske humor hawwe se tekst op ’e spegels yn it Museumhúske setten…ik stean foar de lofter spegel…ik lês: Du bist ein Held!…ik stean foar de rjochter spegel…ik lês: Du siehst göttlich aus! Ik moat noch in pear oeren yn Oldenburch trochbringe foar’t de bus wer rjochting hûs gean sil. Ik wit hoe’t ik thúskom…Net as held…net godlik.

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op