Babs Gezelle Meerburg

Lêzing Babs Meerburg oer ‘Froulju yn de Fryske literatuer’ op 12-12-19 yn Obe

logo.ensafh

De jûn wie yn it ramt fan Waling Dykstra en wat hy yn syn tiid foar froulike skriuwers betsjutten hat. Foto: Geart Tigchelaar

 

Afbeeldingsresultaat voor tentoonstelling waling dykstra

 

Waling Dykstra, gjin dichter om yn loft en wolk te sweevjen

Babs Gezelle Meerburg

Doe’t ik oan de gong wie mei de tarieding fan dizze lêzing kaam krekt it berjocht fan it frouljuskwotum yn it nijs, de maatregel om yn grutte bedriuwen it tal froulju yn topposysjes te ferheegjen. Wat tinke jim, soe Waling Dykstra foar in frouljuskwotum west hawwe?

Ik krige it fersyk fan de organisaasje om in lêzing te hâlden oer de opkomst fan skriuwende froulju yn de Fryske literatuer troch en nêst Waling Dykstra. By dizze útstalling is in fitrine wijd oan skriuwende froulju op basis fan ûndersyk troch Abe de Vries. Abe de Vries hat dêr ek in artikel oer skreaun dat foar belangstellenden op ynternet te finen is. De fitrine is te besjen, it artikel is op te sykjen en te lêzen. Dat wurk hoech ik hjir net oer te dwaan.

 

 

Waling Dykstra wie in bûtengewoan produktyf man. De bijekoer en Sljucht en rjucht binne de nammen fan inkelde blêden dy’t er redigearre en dêr’t er plak bea oan publikaasjes fan froulju. Trui Jentink debutearre mei har ‘Petear fan twa tsjinstfammen’ yn De Bijekoer yn 1878. ​​ Antsje Fennema-Rinkes publisearre in bydrage yn De Bijekoer fan 1878. Jantsje Terpstra (Madzy) debutearre yn Sljucht en rjucht ​​ yn 1899. Simke Kloosterman debutearre mei in Frysk fers yn 1898 yn Sljucht en rjucht. Twa jier dêrfoar makke se har debút yn it Nederlânsktalige damestydskrift De Hollandsche Lelie. Sophie Fischer skreau fan 1905 ôf geregeld yn Sljucht en rjucht. Janke Oostenbrug debutearre yn Slucht en rjucht fan 1908. It giet hjir oer 6 skriuwende froulju yn 30 jier tiid. Mar relatyf besjoen kloppet it dat om 1900 hinne froulju it Fryske literêre poadium opkamen.

 

Om de opkomst fan froulju yn literêr Fryslân ûnder de loep te nimmen, wol ik aanst earst de posysje fan de frou yn de 19de iuwske maatskippij beskriuwe. Dêrnei gean ik yn op de literêre streaming yn dy tiid - it realisme - om by it wurk fan Waling Dykstra en de rol fan de frou dêryn út te kommen. It wurk fan Waling jout nammentlik in yngong om fierder nei te tinken oer de rol fan froulju yn de maatskippij fan de 19de iuw.

Om 1800 hinne ferskynde it pamflet A Vindication of the Rights of Women fan de Ingelske Mary Wollstonecraft. Dizze Mary wie trouwens de mem fan Mary Shelley, de auteur fan Frankenstein. De publikaasje fan Mary Wollsstonecraft wie it allerearste begjin fan in feministyske beweging. Hast 100 jier letter, tusken 1870 en 1920 is de Eerste Feministische Golf. Yn Nederlân strieden Aletta Jacobs en Wilhelmina Drucker foar it rjocht op gelike ûnderwiiskânsen en polityk stimrjocht foar froulju.

 

Afbeeldingsresultaat voor mary wollstonecraft A Vindication of the Rights of Woman ​​ Gerelateerde afbeelding

 

Dat wie noch net sa maklik, want yn dy tiid wie der in skieding tusken de mannewrâld en de frouljuswrâld. De earste wie iepenbier, de twadde privee. De iepenbiere romte rjochte him op autonomy, aktiviteit, polityk en steat, wittenskip en wurk. De priveeromte wie yndividueel, passyf, fersoargjend. In troude frou yn Waling syn tiid fan libjen fan 1821-1914 wie hanlingsûnbekwaam. De man hie wetlike sizzenskip oer bern, jild, ynkommen en juridyske hanlingen, skieding hearde dêr ek by. Dat feroare pas yn 1957. De learplichtwet bestie fan 1901 ôf. Froulju koene op syn heechst nei de legere skoalle, want fan ferfolchûnderwiis wiene se sawisa útsletten oant se yn 1870 nei de HBS mochten en inkelde jierren letter mei tastimming fan de minister talitten waarden ta universitêr ûnderwiis. Yn ​​ 1919 krigen froulju stimrjocht. Foar froulju wiene der yn de tiid fan Waling net folle beroppen. Se wiene boerin, arbeidster, faam of tsjinstfaam of ferpleechster (dat lêste koe oant se trouden en se hanlingsûnbekwaam waarden).

De literêre streaming fan dy tiid is it realisme. De 19de iuw is de tiid fan wittenskiplike, technologyske en ekonomyske ûntwikkeling en fan foarútgongsleauwen. Waling Dykstra is in realistysk skriuwer. Waling docht syn bêst om syn literatuer ‘echt’ lykje te litten. Hy situearret syn ferhalen op besteande plakken, datearret faak syn teksten, ferwiist nei eigentiidse aktualiteiten en gewoanten, neamt ek eigentiidse skriuwers. Syn personaazjes prate Frysk, Stedsk en soms Nederlânsk. Se hawwe sprekkende typysk Fryske nammen. It wurk fan Waling is in spegel fan syn tiid en dat seit er op mear plakken yn syn wurk, bygelyks yn de 17de jiergong fan Sljucht en rjucht sitearret er de Genestet:

 

‘k Was nooit een dichter om in lucht en wolk te zweven.

‘k ​​ Zoek mijn fortuin liefst in de waarheid van dit leven

 

En útspraken as: ‘De staeltsjes, dy ’k hjir meideeld ha, binne net optocht, mar út it libben nomd.’ As it wurk fan Waling Dykstra in spegel fan syn tiid is, hoe beskriuwt er dan de posysje fan de frou? Wat foar rol hat sy yn de húshâlding, yn it gesin? Hoe sjocht Waling Dykstra oan tsjin twa bekende literêre tema’s fan de 19de iuw, de fûnling en de bazige frou. Ik lit it wurk fan Waling sprekke mei it doel om in antwurd te jaan op de fraach: hat Waling froulju foarút holpen?

 

I. De húshâlding, it gesin.

 

Ik begjin mei in tekst fan Waling Dykstra en dat is in fragmint fan it gelegenheidsgedicht ‘Op it boask fen Oene en Bjuwkjen’,

 

Oene en Bjuwkjen, s. 193-199 Húsfreon 1901 – 4 strofen

In bidlers-ketier s. 49 Húsfreon 1901 – 1 side

 

 

Afbeelding kan het volgende bevatten: tekst ​​ 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

​​ 

 

 

 

 

 

 

https://scontent-amt2-1.xx.fbcdn.net/v/t1.0-9/78508654_2807906942553666_4737394767673950208_n.jpg?_nc_cat=108&_nc_ohc=L_zRBlXUbDMAQmT-Ad8wFrSHkj7sFe5A7ISdYWV0ZnCA1g78XUuducmLQ&_nc_ht=scontent-amt2-1.xx&oh=6fc6688f4ce21c3e88b4e7662576900d&oe=5E6C4404

 

Waling sketst yn it earste gedicht it ideale houlik: moed, ferstân, saaklik ynsjoch en oersjoch, flinkheid en oanpak, deugd en evenredichheid liede ta in stevich fundearre en lokkich houlik. It tsjinoerstelde sjogge wy yn it ferhaal ‘Bidlerskertier’ dêr’t leagene wurdt, stellen, slein en skolden.

Earmoed wurdt yn beide stikken beskreaun as moreel en net as in suver ekonomysk probleem. Earmoed hat by Waling meastentiids te krijen mei deugd. Deugd soe gewoane húshâldings yn it spoar hâlde en earme minsken út de earmoede helpe kinne. Deugd soe op dy manier de maatskippij as gehiel te’n goede komme. ​​ 

De wearden dy’t Waling yn syn wurk bepleitet, hearre by in maatskiplike beweging dy’t al sûnt de 18de iuw begûn wie en dy’t it ‘zedelijkheidsoffensief’ neamd waard. Allerhande maatskippijen tsjin alkholgebrûk, bistemishanling en earmoed en foar ûnderwiiswerfoarmingen fierden dat offinsyf út. De bekendste feriening wie de Maatschappij tot Nut van 't Algemeen (1784). It Nut besocht om kennis en deugd te fersprieden ûnder alle lagen fan de befolking en dat barde benammen skriftlik mei tydskriften, opstellen, pamfletten, priisfragen en oare teksten: 'Stukjes, zoo klaar, algemeen en eenvoudig mogelijk.’ De leden moasten de wurkjes nammentlik trochjaan oan minder belêzen legere stannen, bygelyks oan it eigen personiel. Utgean, kaarte, kegelje en oar fermeits bûten de doar waard ôfret. Dat soe liede ta 'onnutte praat en achterklap, anderen bij de kladden om te halen en aan naam en faam te schenden'. ​​ 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Skriuwer Jentsje Sytema bringt yn syn Katechismus, útjûn yn 1878 troch Waling Dykstra, it 19de iuwske idee fan binnendoar en bûten de doar sa ûnder wurden:

 

Fr. 181. Wat is de earste plicht fen de frou?

 

Hjar sa oan to stellen, dat de man syn frije tiid graech thús trochbringt, en tagelyk to soargjen, det er hjar net op hakken en teannen neigiet, en net yn de itenspine en de kelder omnoasket, om fen alle iten to slikjen en to slinen …

 

As elk wit op syn plak to stean

En me elkoar net hôeft nei te gean,

Dan rint it net yn ’t mâlle,

Mar altiid tige flot en bêst.

En gjin fen beiden krijt den lêst

Fen al tofolle gâlle.

 

Datselde boadskip yn wat minder ekstreme bewurdingen fine wy werom yn it wurk fan Waling Dykstra. Wy sjogge by him in skieding tusken binnendoar en bûten de doar: binnendoar regearde de deugdlike frou, bûten de doar wie it terrein fan de man. As de frou soargje soe foar in netsjes húshâlden en bern en man goed fersoarge, dan koe de man jild fertsjinje. Bern moasten trouwens goed grutbrocht wurde, want ûndeugd is erflik. Bern en froulju waarden ek slein. Wêr’t Waling yn alle gefallen ek in hekel oan hie, is pronkjen.

 

De Húsfrjeon 1902, s. 122 ‘Mem kibbet’