Lomme Schokker

De earste fan Handke

logo.ensafh

Mei hopen drokten is der gjin behaachliker putsje as in yngeande werskikking fan de boekekasten. De hannen út de mouwen en in oare systematyk oanbringe yn eat dat yn wêzen in nije oarder hielendal net nedich hat, op in stuit dat der eins needsaakliker dingen barre moatte en dit alles inkeld en allinne foar myn eigen wille. Dizze kear wie it tinken om de Hollânske skriuwers net apart te hâlden, mar alfabetysk tusken it Ingelsktalich spul te setten en werklik, it skikte krekt en kreas op alle planken. Dat wol sizze, der bleaune ynienen samar sa’n tsien boeken oer, dêr’t yn de kontekst fan de nije oardering wûnderbaarlik gjin plak foar wie. Yn de Omrin wolle se de boeken mar wat graach ha en as ik dêr dochs bin dan moat ik fansels al efkes sneupe yn wat dêr no wer op de planken leit. Sa krige ik ferline wike in titel fan Peter Handke yn de hannen, in skriuwer dy’t ik al langer fan namme koe, mar dêr’t ik nea wat fan lêzen ha. Handke is dit jier de winner fan de Nobelpriis foar Literatuer. It boek draacht de titel fan De Wespen (‘Die Hornissen’). It is syn earste boek.

Handke wie der al yn it lêste jier fan it gymnasium mei begûn. Yn it earste semester fan syn universitêre stúdzje skreau er syn learaar Dútsk fan it gymnasium dat er foar de tredde kear fannijs oan syn roman begjinne sil. ‘Nun, da ich das Wort “Roman” hingeschrieben habe, kommt es mir wieder so lächerlich und unmöglich vor, dass ich am liebsten gar nicht daran zu denken wage. Doch was hilft es? Mag es mich kosten, was es wolle – ich werde ihn schreiben’. Sjoch, dat is nochris ambysje, dat is kriich en trochsetten, dat is berettens en fearkrêft! Dêr soe ik in foarbyld oan nimme moatte.

It boek ferskynde op 20 maart 1966 yn in oplage fan 3000 eksimplaren. Yn april fan dat jier makke Handke in soad rebûlje op in kongres yn it Amerikaanske Princeton, in moanne letter feroarsake hy in hiele heisa mei de oerútfiering fan syn teäterstik Publikumsbeschimpfung, dêr’t de akteurs neat oars yn dogge as it publyk oan ien tried troch hipen oer noazen te jaan. Dêrmei wie syn namme makke, hy hold op mei syn stúdzje en al it oare soe skiednis wurde. Tsien jier letter, oertsjûge dat gjin minske it ea noch lêze soe, hat er syn earste boek flink feroare en oanpast. Dat is de ferzje dy’t ik no yn hannen ha. Wat Handke syn poëtyske skriuwstyl oanbelanget foarmet De Wespen, neffens kenners dan, de basis foar syn lettere romans en ferhalen.

It is in frjemdsoartich boek. De Wespen is ien lange, krekte en drûge beskriuwing fan in bline man syn oantinken, in wurdebrij sûnder ophâlden oer minusjeuze hannelingen en observaasjes. Alles dat dy man yn it sin hat, is himsels ta lêst. Hy kin der net fan loskomme.

Doe’t ik lykwols mei myn bylden op de grins fan ûnderfining bedarre wie, holp neat my mear fierder. Ik lei yn de tsjustere romte ûnder de sliepende, wekkere bline en koe my fan nearne mear in byld foarmje. It lûd fan de tramwiksels krong binnen, it lûd fan de frachtweinen op de rûnwei, it lûd fan de foarbygeande treinen, en ik neamde de lûden dy’t ik hearde en ik werhelle hieltyd de nammen fan dizze lûden en joech de nammen fan de lûden de nammen fan de bylden, en de nammen fan de bylden de namme fan de lûden dy’t ik net hearde; ik koe my lykwols fan gjin inkelde in byld foarmje. Ik tocht oan de stasjons dêr’t op dit stuit, wylst ik hjir lei, de lju yn kloften stiene en ik koe it net befetsje; ik tocht oan de daverjend stomende treinen dy’t troch it tsjuster rieden, de wachthokjes by de halten, de banken yn de hokjes, de ôfhappe dûbele stikken bôle op de banken, it yn de sigen fladderjend papier ûnder it brea en ik koe it net befetsje (side 82).

Ik ha no ienris in bepaalde fassinaasje foar werhellingen, listen en opsommingen, dat ik kin de sjarme fan Handke syn earsteling wol wurdearje. Mar yn syn jongeftich entûsjasme moat hy it fansels net oerdriuwe. No bin ik wol benijd nei oare boeken fan dizze kontroversjele skriuwer (hy hat yn in lykrede de Servyske eks-presidint en massamoardner Slobodan Miloševiç mei fjoer en flam de himel yn priizge, yn stee fan de hel).
Fan ’e wike yn de bieb fan ús doarp mar ris in resinter boek fan Handke reservearje. Hat der ien suggestjes? En wat makket politike (yn)korrektheid út foar myn stellingname oer in keunstner? Noch sa’n dinkje dêr’t ik my fêst mear drokte yn de kop op de hals mei helje sil.
(Ynformaasjebron: http://handkeonline.onb.ac.at)

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op