Henk Nijp

Pisa(ng)

logo.ensafh

Se sille it sels wol nea ûnder eagen krije, de pubers fan hjoed, de soarchlike rapporten oer it nivo fan harren lêzen. De lêsfeardigens fan de 15-jierrigen yn Nederlân kachelet wér fierder achterút. Want lêzen is saai en rapporten oer lêzen binne fansels hielendal kânsleas. Lange teksten litte se yn elk gefal al lizze en der wurdt tsjintwurdich inkeld mar lêzen as it moat. It Pisa-rapport (fan de Oeso) lit sjen dat it lêsnivo yn fergeliking mei eardere jierren hieltyd minder wurdt, mar ek yn fergeliking mei de lannen om ús hinne, hurd sakket. Dat lêste is in faai teken. Wêrom fine bern yn Dútslân, België, Frankryk en neam mar op it lêzen net sadanich saai dat se der beroerd fan begjinne te lêzen? Is yn dy lannen bettere berneliteratuer foarhannen, ha se dêr nijsgjirriger boeken..? Ik leau der neat fan. Der moat in oare oarsaak wêze. En dy sil grif by de steat fan it ûnderwiis te finen wêze.
In fjirde (!) part fan de ûndersochte groep is aanst ‘min belêzen’ (laaggeletterd). Dizze groep kin skielk nei alle gedachten mar min meikomme yn it ferfolchûnderwiis en mist de oansluting by de maatskippij. Hja kinne mar krekt eksplisyt formulearre ynformaasje út in tekst pikke, de gedachte dêr’t it om giet helje se der as it treft noch út en se kinne inkeld mar simpele ferbiningen lizze tusken de ynformaasje út de tekst en de al oanwêzige deistige kennis. It betsjut ek dat se yn harren fierdere libben minder kânsen ha op wurk, earder yn in útkearing telâne komme, in grutter sûnensrisiko rinne en in grutte kâns ha earder te ferstjerren. En krekt dizze groep wurdt rap grutter. Sa’n 15 jier tebek, yn 2003, hearde 1 op de 10 15-jierrigen ta dizze groep, in 2018 wie dat al 1 op de 4. De groep is dus mear as ferdûbele. Je sille der mar tusken sitte. Is der noch hoop, of is dizze groep aanst gewoan de pisang?
In oantal jierren tebek waard yn it ûnderwiis grut ynsetten op de rekkenfeardichheid fan skoalbern. Yn Azië wiene skoalbern en studinten op dat stuit folle better yn ‘e wiskundefakken as hjirre. As reaksje dêrop kamen hjir rekkenkoördinatoaren op skoallen, nije metoaden waarden optúgd, wiskundesympoasia organisearre, rekken’battles’ tusken skoallen – mei moaie prizen – ekstra oandacht fan de ûnderwiisynspeksje, tafersjoch op ‘e effektive ûnderwiistiid, nije ynstruksjemodellen en folle net genôch. No skynt dat wol reedlik fertuten dien te hawwen; wy kinne noch wol aardich meikomme mei de oaren lannen, al buorkje wy op dat mêd ek alwer efterút.
De alarmbellen soene ôfgean moatte by it Ministearje fan Underwiis, mar it makket Arie de pis net lij. Wat skriuwt er as reaksje op de útkomsten: ‘De scores voor leesvaardigheid laten nu voor het eerst een significante daling zien. Dat komt niet helemaal als een verrassing’. Tsja, it is gewoan sa; hè wol wat ferfelend, mar ja… Fierderop skriuwt er dat hy stribje wol nei in mear gearhingjend belied wat de lêsfeardigens oanbelanget. Dat sjit lekker op, stribje nei… Hy sjocht it swurk al driuwen fansels; gjin juffers, al hielendal gjin masters, oproerkraaiend ûnderwiis-personiel en gjin stoer mear oer. Al is dat lêste fansels in kwestje fan kieze en prioriteiten stelle. Mar akseptearje dat in moai part fan de Nederlanners net meikomme kin yn de maatskippij mei al it lijen dat dêr mei anneks is, is ek in kar. Mar hy jout wol sa 12,4 miljoen min of mear út ‘e kontbûse wei foar it kommende songfestival yn Rotterdam. In kwestje fan kieze en priotiteiten stelle.
Op skoallen soe struktureel elke dei in moai skoft lêzen wurde moatte. Lêze is krekt as fytse, bern krije it inkeld mar yn ‘e macht troch in protte meters te meitsjen. En soks begjint mei foarlêzen. Al fan lyts ôf oan. Echt, der binne moaie, spannende, humoristyske, nijsgjirrige boeken by de rûs. Even sykje of advys freegje yn ‘e boekwinkel of biblioteek. Alden soene ris yn ‘e spegel sjen moatte. Hoefolle tiid wurdt der noch frijmakke om in moai ferhaal foar te lêzen? Ja, in filmke op ‘e iPad is fansels folle makliker. Hoefolle âlden nimme sels noch de rêst en de tiid om in boek te lêzen en sa in goed foarbyld te jaan.
En dan ha wy it noch net iens oer it ûnderwiis yn it Frysk hân. Ek dêroer is krekt in ynspeksjerapport ferskynd; ‘It is mei sizzen net te dwaan’ hjit it. Neffens de útkomsten dêrfan, sa ha ik begrepen, soene de ûnderwiisbestjoerders en -managers der noch hieltyd net oan wolle; it Frysk is mar bysaak. Opgroeie as analfabeet yn eigen taal, it moat dan mar… De ûnderwiis-baaskes soene mar drok op syk wêze nei slûpwegen om foar ûntheffingen yn oanmerking te kommen, om’t se wol wat oars oan ‘e holle ha op it stuit. Wylst de bern krekt roppe dat se bettere en mear Fryske les op skoalle ha wolle, neffens dat rapport. Ast dy Frysk bedoelde (lês: fonetyske) teksten op bygl. Twitter en Facebook foarbykommen sjochst, is dêr noch hiel wat ear te beheljen. Faaks kin it earstfolgjende ynspeksje-dekreet oangeande de Fryske taal de titel ‘Wa’t wol, dy kin’ mei krije. En ôfweevje mei dy ûntheffingen.

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op