Sybe Sybesma

Neilitten wurk fan Sybe Sybesma: Fjouwer kwatrinen

logo.ensafh

Neilitten wurk fan Sybe Sybesma

Yn nû. 6 fan de ‘papieren’ edysje fan ensafh is poëzy opnommen fan de yn 1986 ferstoarne dichter Sybe Sybesma. Sybesma is de dichter fan in lyts oeuvre – fan him kamen twa bondels út: En marge en Op ’e râne. Mar der wie dus mear. By de bruorren en suster fan de dichter is neilitten wurk fan him oantroffen troch syn omkesizzer Rint Sybesma en dy syn soan Sybren. Sy hawwe dêrút in seleksje gearstald en dy ta publikaasje oanbean oan Ensafh. De redaksje hat dêr wer in kar út makke.

Hjirûnder folgje noch fjouwer neilitten kwatrinen fan Sybe Sybesma.

Sybe Sybesma (1924-1986)

De tiid falt útinoar yn ivichheden
it libben brekt op driften sûnder reden
ûntmaskeret jin yn ’e ein genedeleas
men stjert yn har, en hat neat mear fanneden

29 maart 1984

 

De Breimer Wyldernis en gleone simmer,
it neaken paed, en dêr falt samar ljocht,
it libben ûnderweis fan nou oant jimmer:
in ivichheit, sa foun en nea net socht!

Wytgaerd, 8 oktober 1984

Dou smookst, dou breidest, dyn wêzen is
dat fan in frou dy’t ta genêzenis
bistiet fan ús, ûnmogelike minsken.
Yn dizze trein fyn ik, dy echt, en wis!
 

9 novimber 1984

Sa’n simmerdei, en ’t is hast mids novimber!
De wrâld stiet op syn kop; justjes oannimber
bitsjoent dyn eachopslach en ek dyn wêzen ús:
it libben is ien douns, strikt, ûnbistimber.

10 novimber 1984 (1)

 

____________________

(1) Opdroegen oan Klasiena Monsma

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op