Lomme Schokker

De búste fan Beethoven

logo.ensafh

Noch hieltyd stiet de globe, dêr’t ik yn de earste klasse fan de Mulo foar myn jierdei om frege, yn de Lundiakast op myn jongeskeamer. De ferljochting docht it net mear en hy hinget wat wankel op it plestikken fuotstikje efteroer. It ding hat syn tiid útsitten, de wrâld hat him ynhelle en ik wol him net mear sjen. Oan de ûnderkant brânt Australië, de reinwâlden fan de Amazone lizze der net folle better by, de Noardpoal is aardich lytser as wat er west hat en de Sovjet Uny bestiet al gjin tritich jier mear. Eins funksjonearret dizze globe inkeld noch as konversaasjestik, mar dêrfoar komme te min minsken by my oer de flier. Dat fuort der mei. In klassike búste sil der nei alle gedachten trefliker stean en ha ik altyd al ha wollen.

Bach is de boarne, mar langtriedderich en serebraal; Mozart it muzikale sjeny, mar fakentiids wat te frivoal (en hoe moat ik it sizze, te blierkjend?). En it is sa dat Beethoven my soms te bot yn de mage stompt, mar hy is wol de man fan de meast manjefike muzyk dy’t der is: De Pastorale. Benammen it twadde, stadige diel, ‘sêne by it beekje’. Hoe faak dat as balsem foar myn siel my net yn in lykwichtiger stimming brocht hat! Boppedat, der is gewoanwei gjin moaiere kop foar in búste as dy fan Beethoven, mei syn ferduvele eachopslach en wyld bosk hier. Sels dy fan Einstein komt der lang net oan ta.

Foar it bettere boarstbyld kin ik net om Marktplaats hinne. It docht bliken dat it op dit platfoarm stikt fan de bústen. Sa liket der yn Marum in moaie keramiken-ien te keap, yn brûnskleur en sûnder skuorren. Neffens de beskriuwing hat it dan wol in pear lytse ‘chips’, mar dêr stiet foaroer dat it in betreklik leech unyk nûmer hat en foaral, dat it sinjearre is. “Mooie blikvanger vanwege zijn grote (sic),” stiet der ek noch by. Krekt wat foar my en myn lege keamer. No moatte wy tafallich alle twa wiken nei Grins ta, dat Marum leit moai op de rûte om myn nije claim to fame op te heljen.

Marum leit der kreas hinne, ek al leit it oare kant Drachten. It boarstbyld liket itselde as op de foto’s, allinne falt it my in bytsje ôf dat it net Beethoven syn sinjatuer hat, mar dy fan in Pietro Balestra. Ek net de minste, docht bliken. De priis is foar my it probleem net, dat dy jûns sit ik, as wie ik in puber, op myn keamer Beethoven syn búste in Pastorale lang te bewûnderjen. Syn tinne lippen sitte nei myn smaak wat te strak en stiif op inoar, mar dat sil sûnder mis syn archetypyske konsintraasje wêze.

‘Dy búste fan Beethoven, wat hat heit dêr no mei?’ freget myn dochter dy’t wer ris oer de flier is. Sy is mear fan Hazes, waans kop it ek lang net hellet by dy fan LvB. ‘Ynspiraasje,’ sis ik, ‘sjoch it as in byld fan de goaden, de belicheming fan it hegere, de ferbylding fan it bettere of de personifikaasje fan al it moaie yn dizze wrâld, as in ljochtsjend foarbyld’. ‘Ik ha it altyd al witten,’ seit se, ‘it is ek sa tsjuster om heit hinne. Mar sis no mar neat mear, al dyn wurden binne te folle. Skriuw se mar op, dan binne wy der fan ôf.’

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op