Teleks: Nasjonale Foarlêsdagen by Audiofrysk

logo.ensafh

Nasjonale Foarlêsdagen by Audiofrysk

Fan 25 jan. oant 2 feb. binne twa searjes berneboeken fergees del te heljen en te belústerjen by Audiofrysk. Sa hawwe ek wat âldere bern moaie ferhalen dy’t foarlêzen wurde. Alle acht harkboeken út de Mentha Minnema-rige en de seis Traveliers-boeken kinne foar nul sinten ophelle wurde by Luisterrijk.
De nuverste aventoeren oplosse mei Mentha Minnema, óf op reis mei de famylje Travelier nei lannen dêr’t se ek spannende aventoeren belibje? It kin no. Fergees!
Sjoch foar mear ynformaasje op audiofrysk.nl.

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op