Henk Nijp

Kuierje

logo.ensafh

Ik kuierje gauris it Jaachpaad del. Dat doch ik hjoed ek wer, it is moai sinneskyn-waar en de dei nei ‘Blue Monday’, blauwe tiisdei dus eins, mar it is frijwat grien om my hinne en de winterblues is fier fuort.
It slacht eins nearne op, dy namme ‘Jaachpaad’. It is in paad dat der noch mar in jier as tsien leit, yn it ferlingde fan it âlde binnenpaad, om it doarp hinne. Gloednij oanlein yn it ramt fan de doarpsfisy fan doe en nije rekreaasjemooglikheden. Noch fan foar de tiid dat de gemeente omreden fan de gemeentlike weryndieling yn fjouwer stikken knipt is en ús partsje oan Grut Ljouwert fêstnaaid is. Ut soarte kin it net in orizjineel jaachpaad wêze; op dat dykje hat noch nea in hynder yn ‘e beage rûn en in trekskûte hat der ek nea west, want wat soe in trekskûte yn it Spoargat moatte? Trouwens dat wetter wie der yn ‘e tiid fan de trekskippen hielendal noch net, dat is der pas kommen doe it moade waard om oan it wetter te wenjen en de lêste nijbou hjir realisearre waard. Mar om’t it mar in smel paadsje is en deun by it wetter delgiet neam ik it ‘Jaachpaad’ en elkenien hjir wit dan wêr’t it oer giet.

Foto: Henk Nijp

Dy binnenpaadsjes meitsje diel út fan in moai oantal kuiernetwurken. De rûtes wurde allgearre mei in kleurkoade of logo op pealtsjes of stekken oanjûn, it is prima regele; jo moatte jo tige ynspanne om hjir noch te ferdwalen…
Op ien fan de peallen dêr’t dy rûtes mei oanjûn wurde, sit in buordsje fêstmakke mei dêrop de ‘gebrûksoanwizing’ fan sokke paden. Jo binne te gast, jo meitsje der gjin binde fan, ferbean foar hûnen en hynders, jo tinke om it fee, ensafh.; de bekende ridel. Mar it lêste gebod is wat apart en nijsgjirrich: ‘Dit pad is gesloten op 31 december.’
Stel, jo wenje yn Limburch en jo hawwe krystfakânsje. De krystdagen binne efter de rêch, famylje en bern binne de doar wer út. It wie gesellich. De Douglass kin noch even stean bliuwe, dy rûgelet noch hast net. Noch in pear dagen frij fan it wurk. Nei al dat iten en drinken wolle jo der earlik sein wol even út. Mar wêrhinne? Nei Fryslân, is dat in idee? Dêr komme jo trochstrings net sa gau, want ja, it is fier fuort en wat ha jo dêr eins te sykjen?
No …, faaks rom sicht, skjinne lucht, hege loften, golle fearten en holle marren en moaie kuierpaden. Jo boeke dus in ‘bêd en brochje’ op it Fryske plattelân foar in pear sinten en de oare deis nei in pear oerkes riden komme jo dêr oan. Rydskamte dogge jo net oan. Gjin fileproblemen ûnderweis want it is fakânsje. Nederlân bekomt fan de krystdagen en wachtet yn stilte op de stoarm dy’t Nijjier hjit. Nei de hertlike ûntfangst, de koffers en de kofje mei in stik autentike keallepoat geane jo op ‘en paad. Rûteboekje mei, in stimpelkaart sadat jo eventueel bewize kinne dat jo dêr en dêr west hawwe. It rêchsekje mei wat Snelle Jelles en in Dopper mei fris Frysk wetter en in plestik ponsjo op ‘e rêch, want fan it waar kinne jo net op oan yn dizze tiid fan it jier. En it buie-alarm sit der de lêste snuorje ek gauris neist.
Jo ha al in moai skoft rûn en genietsje kinnen fan it iepen lânskip en de mienskip, al falt dat lêste wat ôf; der komme hjoed net in soad minsken op jo paad. Dochs hiel oars as thús, dêr steane beammen faak yn ‘e wei of de heuvels benimme jo fiere útsichten. Hjir kinne jo de wolken nochris goed skowen sjen! En dat lytse buike fan niiskrekt wie samar wer oer, de boksen binne no al sa wiet net mear. Dat is ek oars; thús dript it noch tiden nei út it skaadzjend brûnsgriene beamtegrien fan al dy holle wegen. Nee, it hat in goede set west om hjir hinne en in pear dagen om te strunen! En dan dy frisse lucht! Hoewol, by mannich doarp smoare jo hast yn ‘e karbyddampen, wat in oare skutterij as thús by jo yn Limburch.
Dan komme jo op it Jaachpaad oan, neffens de rûtebeskriuwing rint it paad by dy pleats dêr oer it hiem, en ja it skulpke jout oan dat jo goed rinne. Mar dan, by it klapstekje foar it feeroaster stiet ynienen dy peal. Mei dat buordsje mei spulregels. Mei as lêste rigel: ‘Dit pad is op 31 december ensafh…’ Wat no? De skrik slacht jo om it hert. Jo lêze de beskriuwing der nochris op nei, mar der stiet neat oer dy lêste dei fan it jier yn it boekje. Moatte jo no dat hiele ein wer werom oer deselde glêde feeroasters en dy wibelige brechjes, dy glysterige skytpaadsjes en by dyselde ferlitten útbuorrentsjes del? As de earste alteraasje wat besakke is komt it jo yn ‘t sin dat it noch net de ienentritichste is. Pfff, jo ha gjin krante sjoen fan ‘e moarn en alhiel gjin achtslein op ‘e datum. Mar it is noch gjin Aldjiersdei! Hjoed kin it dus noch! Dan gau mar, mei faasje foarút. It begjint trouwens al aardich te skimerjen. Hmm, it paad leit der hjir al wat bryk yn, jo moatte goed útsjen wêr’t de fuotten delkomme oars rint de jarre jo samar oer de hege skuon. Op it hiem is it stil, neat te fernimmen, gjin kop, der is sels gjin hiemhûn dy’t oanslacht. De kij yn de lisboksstâl rammelje út en troch wat oan de stielen foerstekken. Dat is it iennichste lûd. By de foardoar brânt wol in lyts lampke en de krystbeam yn ‘e hûs jout ek noch ljocht. Fierder liket de pleats folslein ferlitten. Mar der is eins ek neat frjemds oan. Gewoan in pleats krekt as thús, al sjogge dy der wol hiel oars út kwa bou.
Wat soe hjir op Aldjiersdei barre wêr’t gjin ferlet fan kuierders by is, wat soe him hjir dan yn ‘e goedichheid ôfspylje moatte dat it deiljocht net ferneare kin? Bakke se hjir oaljekoeken mei in iuwenâld geheim resept? Moatte hjir de geasten en demoanen fan it âlde jier ferdreaun wurde? Giet dat mank mei wrede rituelen? Wurde hjir frjemde seremoanjes mei swarte magy útfierd en wurde dêrby gefaarlike fiten úthelle mei karbid, buskrûd of noch folle slimmer? Of wolle se op dy pleats gewoan ien dei yn it jier no ris gjin potsjekikers op it hiem ha? Jo sille it nea witte. Freegje kin net; der is net ien thús. En moarn geane jo al werom, want Ald en Nij dat fiere jo gewoan thús. Yn Limburch, mei bier en knypkoeken mei slachrjemme. Yn it nije jier miskien ris belje mei de organisaasje dy’t efter dy kuierpaden sit. As jo it net ferjitte…

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op