Oersetting Elizabeth Bishop, Parys, 7 oere moarns

logo.ensafh

 

 

Parys, 7 oere moarns

Ik meitsje in toer lâns elke klok yn it appartemint:
fan ûnwittende platen ôf wize guon wizers
teätraal de iene kant út en oaren oare kanten.
Tiid is in Etoile; de oeren rinne sasear útien
dat dagen deitochten lâns de foarstêden binne,
sirkels om stjerren hinne, sirkels dy’t elkoar oerlaapje.
De koarte, rastere skaal fan wintersk waar
is in útsprate dowewjuk.
De winter banket ûnder in dowewjuk, in deade wjuk
mei dampe fearren.

Lês fierder by oersetter Klaas van der Hoek

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op