Teleks: JanMurk yn tydskrift ‘Hjir’, de foarrinner fan ensafh

logo.ensafh

Yn in spesjaal nûmer fan literêr tydskrift Hjir út 1979 binne tekeningen fan JanMurk de Vries opnommen, dy’t er makke hat by in gedicht fan Sybe Krol. It nûmer hyt ‘Tekenjend’ en D.A. Tamminga jout yn in ynlieding in koarte omskriuwing fan JanMurk syn libben en wurk. Tamminga skriuwt dat men yn syn wurk gauris it protest priuwt, ‘… de opstelling fan de hjoeddeiske minske, dy’t mei syn lyryske ynslach en syn kosmysk rjochte visy de forskynsels dy’t mei ús moderne technologyske sivilisaesje anneks binne op ûndûbelsinnige wize to liif giet.’ Sjoch foar mear ynfo oer dat spesjale nûmer yn de bydrage ‘JanMurk yn tydskrift Hjir’.

Lês fierder by Sirkwy

1
Reageer op dit artikel

avatar
1 Comment threads
0 Thread replies
0 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
1 Comment authors
josse de haan Recent comment authors
  Subscribe  
Abonneren op
josse de haan
Gast
josse de haan

Ik haw my yn al de jierren dat ik dwaande wie mei Fryske literatuer nea bewust west dat Janmurk de Vries ek wat hie mei literatuer. Hy hie yn Harns mei syn freon Wilt Cordes in galery (+/-1960 etc). Flakby stie de eksposysjeromte/galerie ‘De Blauwe Hand’ dêr’t er wol op besite kaam by Joazum Walstra en syn frou. Yn ‘De Blauwe Hand’ hiene de quatrebrasminsken gearkomsten. Janmurk hat in tekening makke foar it Nagasaki-nûmer fan quatrebras. Oer literatuer haw ik him nea heard. Moeke Faber fan keunstsintrum de Prinsetun wie wyld fan syn wurk, mar dat hâlde net yn dat… Lees verder »