Teleks: Kursus Koartproaza

logo.ensafh

Skriuwe, hoefolle minsken tinke der net oer om dat ris te dwaan? Mar hoe? Wat binne de falkûlen, hoe kinne lêzers yn in ferhaal lutsen wurde, hoe wurket taal? Dat (en mear) komt oan ’e oarder yn in koarte kursus fan trije jûnen.

De kursus giet foarôf oan in skriuwwedstriid en in jûn op 27 novimber 2020. Wedstriid en jûn stean yn it teken fan koartproaza en wurde organisearre troch ensafh. Kursisten, dy’t dat wolle, kinne harren ferhaal ynstjoere, dat dan hifke wurdt troch in sjuery. Sa tingje hja nei in plakje op it poadium en in publikaasje yn Frysk literêr tydskrift ensafh. Sjoch hjir foar de oprop fan ensafh

De kursus sil jûn wurde troch Koos Tiemersma.

Sjoch foar mear ynformaasje en opjefte by Sirkwy

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *