Lomme Schokker

Hoe ‘woke’ wol ik wêze?

logo.ensafh

Wer in nij begryp út Amearika: ‘woke’. ‘Stay woke’ betsjut yn it (Afrikaansk-)Amerikaansk taalgebrûk safolle as it gewaarwurden fan sosjale ûnrjochtfeardichheid, benammen op it mêd fan rasse- en genderdiskriminaasje. ‘Woke’ is de doetiid fan it tiidwurd ‘to awake’, wekker wurde, mar ek: jin bewust wurde. Wy moatte net inkeld algeduerich alert wêze, der moat teffens ek in dúdlik iepenbier stânpunt ynnommen wurde. Der leit in morele plicht ús te oppenearjen om de boel net noch slimmer te meitsjen.

In foarbyld. Yn myn kollum fan desimber oer Peter Handke referearre ik oan it kontroversjeel elemint dat oan dizze skriuwer en Nobelpriiswinner hinget. De lykrede fan Handke foar Slobodan Miloševiç yn 2006 kin men sjen as steun foar, of sels rjochtfeardiging fan, de misdriuwen tsjin de minsklikheid en de folkemoard dêr’t Miloševiç foar oanklage wie. Ik kin my yntinke dat fan rjochten ien dy’t ‘woke’ is, nei 2006 Hanke behoarlik op ’e hûd sit en neat mei syn fierder skriuwen te dwaan ha wol.
Ik ha him krekt kennen leard en fyn syn boeken tige nijsgjirrich. Wat myn oardiel oer syn rjochtfeardigens oanbelanget, moat ik foar myn eigen gemoedsrêst Handke fan dy ferfúlde lykrede loskeppelje? Wat ha ik mei syn aksjes te meitsjen en moat ik der wat mei dwaan?

Yn myn studintetiid naam in faam my mei nei myn earste klassyk konsert: Beethoven foar de pauze en wat fan Wagner dernei. Fan Beethoven hie ik wol ris heard, fan Wagner net. Beethoven wie aardich, mar de yndruk dy’t Wagner op my makke skuorde my fan de stoel. Nei ôfrin fertelde se my oer Wagner syn antysemitisme. Ik hoech neat oer dy keardel te witten, bearde ik, syn muzyk seit my alles en dat is genôch. Hielendal mis, fansels. As it dy sa rekket, sei se, dan moatsto dy der yn ferdjipje, yn de man en yn syn muzyk. Pas dan kriget it ynhâld en betsjutting, dan pas witst hoe’st it wurdearje kinst. De ferkearing hat net lang duorre, mar Wagner wie it begjin fan myn ûntdekkingsreis troch de klassike muzyk en de wierheid fan har wurden ha ik ûntholden.

In keunstner kreëarret mei liif en siel. Ymportânsje en relevânsje kin ik net los sjen fan persoanlikheid en eftergrûn, opfettingen en aksjes. Mar ik hoech it net mei alle aspekten fan de keunstner iens te wêzen om de merites fan syn of har keunst te wurdearjen.
Bestiet suvere keunst? Dat liket my keunst sûnder wearde, sûnder wêzen. Keunst is like troebelich as it libben sels. Bestiet suvere rjochtfeardichheid? Dat stiet te besjen, neffens my. Te lang te suver en it wurdt fûnemintalistysk.

Heech op jierren wurdt alles betreklik. Tsjintwurdich wit ik dat der gjin ûndûbeldsinnige, ienfâldige oplossingen besteane en dat de wrâld dôfhûdich is. Dizze dagen hoech ik foar de minsken oer gjin rol mear te spyljen. En no besef ik ynienen de útwurking fan ‘woke’: politike korrektens foar de eigen morele bühne.
Soa, myn fiifhûndert wurden sitte der wer op. Ik gean op bêd. Sliep lekker.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *