Ytsje Hettinga

trajekt Starum — Hylpen

logo.ensafh
Hylpertoer

Ik seach de lytse bern
op dûbele izers glydzjen

de fammen yn de kassakeintsjes
de prikslydjeiers op ’e Greft

Ik pronke boppe sliden
mei waaiende rokken en
stive broeken slydskjend
op houtsnijwurk en stiel

Ik hearde de belsliden
it pûsten fan ’e hynders
ik folge it autospoar
oer in wite tekken op see

Ik seach se kommen
de alvestêderiders
op Frisia Ratsma
De Ruiter en Nooitgedagt
de Krúsfeart del
de bealch der op

En wer en wer en wer
dy helske tocht

it bloed yn de sokken
wekken mei stokken
de kjeld yn de knibbels
in waas foar ’t ferstân
it burd fol iis

Ik ken it lijen
en it geniet

it klappen fan it folk
it jûchheien de rook fan
poeiermolke en petroalje

En dan de lêste kear
hurd klauwend
sjoch ik guont rûngear
op klapredens
de eastewyn temjitte
nei Warkum gean

Ik ken de wille
en it fertriet

Wachtsje op wat west hat
 
 
 

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op