Aginda 26-02-20: Presintaasje Fryske oersetting Lexicon Frisicum

logo.ensafh

Woansdei 26 febrewaris 2020 wurdt de Fryske oersetting fan it Lexicon Frisicum presintearre op it provinsjehûs yn Ljouwert. Belangstellenden wurde fan herten útnûge dêrby oanwêzich te wêzen.

It Lexicon Frisicum fan Joast Hiddes Halbertsma (1789-1869) kin sjoen wurde as it begjin fan de leksikografy fan it moderne Frysk. It lexicon hat úteinlik laat ta it wittenskiplike Wurdboek fan de Fryske taal (1984-2011) en alderhande oare wurdboeken dy’t by de Fryske Akademy ferskynd binne. It Lexicon Frisicum (1872) is skreaun yn it Latyn en is dêrom net hiel tagonklik. Lykwols is it wurdboek tige nijsgjirrich foar de (ynternasjonale) stúdzje nei de Europeeske 19de-iuwske leksikografy, dy’t sterk troch de Romantyk beynfloede is. Foar leafhawwers fan it Frysk en de Fryske kultuer is it in nijsgjirrige publikaasje.

Lês fierder by It Nijs

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op